To-Haeke

From Wikisource
Jump to navigation Jump to search
To-Haeke  (1668) 
by Gysbert Japiks

Swiet, ja swiet iz 't, oere miete,
't Boaskien fore jonge Lie,
Kreftig swiet iz 't, siz ick jiette,
Az it giet mey A'ders rie.
Mar oorz tijggetet to 'n pleag',
Az ick oon mijn Gea-feynt seag.

Goune Swobke, lit uwz pearje,
Bea hy her mey mijlde stemm'.
Ofke, seyse' ho soe 'k it klearje,
Wistu rie to Heyte' in Mem?
Ljeaf, dat nim ick to mijn lest.
Dear mey wier dy Knôtte fest.

Da dit Pear to gearr' soe ijtte,
In jæ hiene nin gewin,
Heyte seag, az woe hy bijtte,
Mem wier stjoersch in lef fen sin;
Ofke, seyse', elck jier in Bern,
Wier ick Faem, ick woe 't so jern.

Hoyte' in Hootske, Sneyns to keamer,
Mecken 't mey elck-oorme klear.
Tetke krigge Sjolle-Kreamer,
To Sint Eal, by Wijn in Bjear.
Nu rint elckum az in slet,
En bekleye 't: mar to let.

Oeds die better, ney ick achtje,
Da hy Sæts sijn trouw' to-sey,
Hy liet de' Aders even plachtje,
Het-se' oon elcke' ig joene mey.
Nu besit hy huwz in Schuwrr',
In sijn Bern fleanne' all' man uwr.

Orck, mijn Soon, wot du bedye,
Rin naet oon allijck in Moll',
Ield in rie lit mey dy frye,
Bern, so geann' dijn saken wol,
Den sil de' Hijmmel oer dijn dwaen,
Lock, in mijlde Seyning', jaen.

This work was published before January 1, 1929, and is in the public domain worldwide because the author died at least 100 years ago.

Public domainPublic domainfalsefalse