Tjesck-Moars See-Aengste

From Wikisource
Jump to navigation Jump to search
Tjesck-Moars See-Aengste  (1668) 
by Gysbert Japiks

wif woe, mey in dolle Holle,
To de Wrâd uwt hôlle-bôlle,
't Huwz to blieuwen wier nin tier.
Op in ijken boerd to drieuwen,
Rest-leas op in dol to klieuwen,
Kerde' Hy boppa 't grien fol Djier.

Altijd t' huwz iz altijd finzen.
Al to lang it Fjild beginzen,
Efter Kouwz eerz', efter Ploeg':
Ick sijck wijlder æventoeren;
Dat iz Læfferts nuysck-bestjoeren;
Yn Moars schertte, sleau in sluwg.

Greate Pier wier gled forjitten,
Al sijn dwaen wier boeyte witten,
Hie hy stil libbe' oon eyn Hird:
Hie hy naet de See besijlle,
Uwz Lân-Fijnne foetten spijlle,
In betwongen mey fjoer in swird.

Mey in Floot' great Schijps lavearje.
Wol ick; schomje, romje' in klearje,
Fen Doeynkerckers, 't scholp'rig sâdt.
Dear mey liet hy Plommen waye,
't Gleonne swird oer' holle swaye,
Dat, ijnn' moed, Speck-Jan al daet'.

Tjesck-moar seag, fen fiere weagen,
Ho-se fest fen Lân æf teagen,
d' Eagen gald'se, earm-moar, korts uwt,
Dear-se' oppe' hæge wier del bocke,
In, fen beyde' ig,'t Lân beloke,
In de See seag ijn sijn Tuwt.

Wif, (doz kiermd' se) ô Tsierl! wier hinne?
Wif, het wotte nu beginne?
Wif, iz dy de Wrâd t' on-rom?
Wif, môcht Mem de holle' op-stecke!
Wif, it hert moast her to brecke!
Wif, jæ kearde' ijn 't Græf her om!

Dear de See so gruwlijck gappet,
In by tuwzenen op-happet,
In by tuwzenen forteart,
Dy dear sonder resten restje;
Dy de greate Fisken mestje;
Dearme mey in suwn hert steart.

Jiette liet ick 't hette wezze,
(Nu 't ick Dy naet kin belezze
Nu 't dijn sin ney' See to fljuecht)
Teagste' oer' See ijn keapfaerdye.
Och! het wijlde rasernye
Drieut dy dearme' op 't wetter fjuecht!

Dearme naet yen tred ontwijcket,
Schien de Dead yen grijmme' oon-kijcket!
Dear Fortwijv'linge' helsch in luwd
Bijllet, in mey Dealsche tossken,
Schijp in ljue forslijnt by bossken,
Æf de Lonte steckt ijn 't kruwd.

Wol den; sijlle' ijnne' Hijmmelsche' hoede.
't Fearckjen tijgge dy to goede.
Ick befel, dy ijn Goads hân,
Dy stjoer dy uwt wetter-weagen,
Klipp'-nead, heyl in twierre-fleagen,
Trog sijn Ing'len, bly to Lân.

This work was published before January 1, 1929, and is in the public domain worldwide because the author died at least 100 years ago.

Public domainPublic domainfalsefalse