Lân-Geane, æf Friesche Freugde

From Wikisource
Jump to navigation Jump to search
Lân-Geane, æf Friesche Freugde  (1668) 
by Gysbert Japiks

Lit uwz nu reys frolijck sjonge,
Aad' in jonge
Oer de wol-feart fen uwz Lân:
Hulst mey Schansen, Buwtte-wircken,
Huwzen, Tjercken,
Falt sijn Heagheyd ijnne hân.

't Hele Lân fen Waese' iz uwsers.
Romm' Ketuwsers,
Jesuwijten, Moeynts in Paep.
't Altijd griene Hulst nu dorret,
In forsorret
Spaenjens bloed-rie, Romens kaep'.

Nu wol 't mey Antwerpen knijpje.
Nu môt piepje
Gint in Bregge' allijck in Muwz.
Giel-eag, mey sijn fuwlle raenjen,
Môt ney Spaenjen,
Mey de Stirt ijnn' eerz ney huwz.

Flaend'ren môt mey uwz foryenje,
Dat schoe tjienje
't Herre best: den folget ney
Braban, in wa dear oorz binne
Dy berinne
Mase, Schelde, Lieve' in Ley'.

Jou Oraenjen, ljeave heere,
Dizze eere,
Dat hy uwz de Free befjuecht.
Dat wy dy dear lof foor sjonge,
Ad in Jonge
From, yen-fâdig, sljuecht in rjuecht


This work was published before January 1, 1929, and is in the public domain worldwide because the author died at least 100 years ago.