Hoe foechje ik in nije boarnetekst ta oan Wikiboarne?

From Wikisource
Jump to: navigation, search

<< Haadside

Om in nije tekst ta te foegjen, meitsje jo in keppeling op de haadside (of as dy der binne: op in gaadlike yndeksside).

Dat giet sa yn syn wurk:

  • Klik op it kopke edit (bewurkje). Der ferskynt in bewurkingsfjlid mei de boarne fan de side dêr't jo op steane.
  • Set op in gaadlik plak yn it bewurkingsfjild de titel fan de ta te foegjen tekst tusken dûbele rjochte heaken: [[Sa]].
  • Troch op safe page (opslaan) te klikken wurdt de feroaring op de haad- of yndeksside bewarre en komme jo dêr automatysk wer werom.
  • Klik dan op de troch jo oanmakke titel dy't dan yn read of mei in fraachteken yn de tekst ferskynt. Jo komme dan op'e nij yn in bewurkingsfjild, mar no fan in nije side mei dy troch jo oanmakke titel.
  • Plak de boarnetekst dy't jo tafoegje wolle yn it bewurkingsfjild en klik wer op safe page en de tekst is tafoege.

Ferwizing nei de Fryske haadside:
Omdat de navigaasje balken (noch) yn it Ingelsk binne is it gaadlik om op alle nije siden in ferwizing nei de Fryske haadside fan Wikiboarne te meitsjen (lykas boppe oan dizze pagina). Dat dogge jo troch ûndersteande tekst (mei de skrapkes!) oan it begjin fan in nij side te plakken.

'''[[Main_Page:Frysk|<< Haadside]]'''