Ferdrach oangeande de Europeeske Uny

From Wikisource
Jump to navigation Jump to search

<< Haadside

Konsolidearre ferzje fan it Ferdrach oangeande de Europeeske Uny  (2009) 
by Hege ferdrachslutende b4bh4n4hrpartijen
fan de Europeeske Uny
Wikipedia: Ferdrach fan Lissabon

PREÄMBULE[edit]

SYN MAJESTEIT DE KENING FAN DE BELGEN, HAR MAJESTEIT DE KENINGINNE FAN DENEMARKEN, DE PRESIDINT FAN DE BÛNSREPUBLYK DÚTSLÂN, DE PRESIDINT FAN DE HELLEENSKE REPUBLYK, SYN MAJESTEIT DE KENING FAN SPANJE, DE PRESIDINT FAN DE FRÂNSKE REPUBLYK, DE PRESIDINT FAN IERLÂN, DE PRESIDINT FAN DE ITALIAANSKE REPUBLYK, SYN KENINKLIKE HEECHHEID DE GRUTHARTOCH FAN LÚKSEMBOARCH, HAR MAJESTEIT DE KENINGINNE FAN DE NEDERLANNEN, DE PRESIDINT FAN DE PORTUGEESKE REPUBLYK, HAR MAJESTEIT DE KENINGINNE FAN IT FERIENE KENINKRYK FAN GRUT-BRITTANNIË EN NOARD-IERLÂN,[1]

  • FÊST FAN DOEL om in nije etappe te markearjen yn it proses fan Europeeske yntegraasje, dêr't in begjin mei makke is troch de oprjochting fan de Europeeske Mienskippen,
  • YNSPIREARRE troch de kulturele, religieuze en humanistyske tradysjes fan Europa, dy't de grûnslach foarmje foar de ûntjouwing fan de universele wearden fan de ûnskeinbere en ûnferfrjemdbere rjochten fan de minske en ek fan frijheid, demokrasy, gelikensens en de rjochtssteat,
  • YNDACHTICH it histoarysk belang fan it beëinigjen fan de dieling fan it Europeeske kontinint en de needsaak om solide grûnslaggen te lizzen foar de opbou fan it takomstige Europa,
  • MEI DE BEFÊSTIGING fan harren hingjen oan de begjinsels fan frijheid, demokrasy en it earbiedigjen fan de minskerjochten en de fûnemintele frijheden en fan de rjochtssteat,
  • MEI DE BEFÊSTIGING fan harren hingjen oan de sosjale grûnrjochten lykas omskreaun yn it op 18 oktober 1961 te Turyn ûndertekene Europeesk Sosjaal Hânfêst en yn it Mienskipshânfêst fan de sosjale grûnrjochten fan de wurknimmers fan 1989,
  • MEI DE WINSK om de solidariteit tusken harren folken te ferdjipjen mei achtslaan fan harren skiednis, kultuer en tradysjes,
  • MEI DE WINSK om de demokratyske en doelmjittige wurking fan de ynstellingen fierder te fersterkjen, en harren sa by steat te stellen om de oan harren tabetroude taken better út te fieren, binnen ien inkeld ynstitusjoneel ramt,
  • FÊST FAN DOEL om de fersterking en de konverginsje fan harren ekonomyen te ferwêzentlikjen en om in ekonomyske en monetêre uny ta stân te bringen mei, neffens itjinge dat bepaald is yn dit Ferdrach en it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny, ien inkelde en stabile muntienheid,
  • FÊST FAN DOEL om de ekonomyske en sosjale foarútgong fan harren folken te befoarderjen, mei achtslaan fan it begjinsel fan duorsume ûntjouwing en yn it ramt fan it ferwêzentlikjen fan de ynterne merk en ek fan fersterke koheezje en miljeubeskerming, en om in belied te fieren dat der boarch foar stiet dat de foarútgong op it mêd fan de ekonomyske yntegraasje en de foarútgong op oare mêden lyk mei-inoar opgean,
  • FÊST FAN DOEL om foar de steatsboargers fan harren lannen in mienskiplik boargerskip yn te fieren,
  • FÊST FAN DOEL om in mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied te fieren, dêrby ynbegrepen it njonkelytsen fêststellen fan in mienskiplik definsjebelied dat liede kinne soe ta in mienskiplike definsje neffens de bepalingen fan kêst 42, en sa de Europeeske identiteit en ûnôfhinklikheid te fersterkjen om frede, feilichheid en foarútgong yn Europa en yn de wrâld te befoarderjen,
  • FÊST FAN DOEL om it frije ferkear fan persoanen makliker te meitsjen en tagelyk ek de feilichheid en wissichheid fan harren folken te garandearjen, troch in romte fan frijheid, feilichheid en rjochtfeardichheid ta stân te bringen, neffens itjinge dat bepaald is yn dit Ferdrach en it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny,
  • FÊST FAN DOEL om troch te gean mei it proses fan it ta stân bringen fan in hieltyd hechter ferbûn tusken de folken fan Europa, dêr't besluten sa ticht mooglik by de boargers nommen wurde neffens it subsidiariteitsbegjinsel,
  • MEI IT EACH OP fierdere stappen dy't set wurde moatte om de Europeeske yntegraasje te befoarderjen,
  • HAWWE BESLETTEN om in Europeeske Uny op te rjochtsjen en hawwe mei dat doel as harren folmachten oanwiisd:
(list fan ûndertekeners net opnommen)
  • DY'T it iens wurden binne oer de neikommende bepalingen, nei it oerlizzen fan harren folmachten, dy't goed en nei behearren befûn binne:

TITEL I MIENSKIPLIKE BEPALINGEN[edit]

Kêst 1[edit]

(âld kêst 1 FEU)[2]

Mei dit Ferdrach rjochtsje de HEGE FERDRACHSLUTENDE PARTIJEN mei-inoar in EUROPEESKE UNY op, tenei "de Uny", dêr't de lidsteaten foegen oan tadiele om harren mienskiplike doelstellingen te berikken. Dit Ferdrach markearret in nije etappe yn it proses fan it ta stân bringen fan in hieltyd hechter ferbûn tusken de folken fan Europa, dêr't de besluten yn in sa grut mooglike iepenheid en sa ticht mooglik by de boarger nommen wurde. De Uny is grûndearre op dit Ferdrach en op it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny (tenei "de Ferdraggen"). Dy beide ferdraggen hawwe deselde juridyske wearde. De Uny komt yn it plak fan de Europeeske Mienskip, dêr't er de opfolger fan is.

Kêst 2[edit]

De wearden dêr't de Uny op berêst, binne earbied foar minsklike weardichheid, frijheid, demokrasy, gelikensens, de rjochtssteat en it earbiedigjen fan de minskerjochten, dêrûnder de rjochten fan persoanen dy't ta minderheden hearre. Dy wearden hawwe de lidsteaten mien yn in maatskippij dy't karakterisearre wurdt troch pluralisme, non-diskriminaasje, ferdraachsumheid, rjochtfeardichheid, solidariteit en gelikensens fan froulju en manlju.

Kêst 3[edit]

(âld kêst 2 FEU)

1. De Uny hat as doel om de frede, syn wearden en it wolwêzen fan syn folken te befoarderjen.

2. De Uny biedt syn boargers in romte fan frijheid, feilichheid en rjocht sûnder binnengrinzen, dêr't it frije ferkear fan persoanen yn garandearre is yn kombinaasje mei passende maatregels oangeande kontrôles oan de bûtengrinzen, asyl, ymmigraasje, en it tefoaren kommen en bestriden fan kriminaliteit.

3. De Uny bringt in ynterne merk ta stân. Hy set him yn foar de duorsume ûntjouwing fan Europa, op basis fan in lykwichtige ekonomyske groei en fan priisstabiliteit, in sosjale merkekonomy mei in grut konkurrinsjefermogen dy't rjochte is op folsleine wurkgelegenheid en sosjale foarútgong, en fan in heech nivo fan beskerming en ferbettering fan de kwaliteit fan it miljeu. De Uny befoarderet de wittenskiplike en technyske foarútgong. De Uny bestriidt sosjale útsluting en diskriminaasje, en befoarderet sosjale rjochtfeardichheid en beskerming, de gelikensens fan froulju en manlju, de solidariteit tusken generaasjes en it beskermjen fan de rjochten fan it bern. De Uny befoarderet de ekonomyske, sosjale en territoriale gearhing, en de solidariteit tusken de lidsteaten. De Uny earbiediget syn ryk ferskaat oan kultuer en taal en sjocht ta op it ynstânhâlden en de ûntjouwing fan it Europeeske kulturele erfgoed.

4. De Uny stelt in ekonomyske en monetêre uny yn dy't de euro as munt hat.

5. Yn de betrekkingen mei de rest fan de wrâld hanthavenet en befoarderet de Uny syn wearden en belangen en draacht by ta it beskermjen fan syn boargers. Hy draacht by ta frede, feilichheid, duorsume ûntjouwing fan de ierde, solidariteit en wjersidich respekt tusken de folken, frije en earlike hannel, it ferdriuwen fan earmoed en it beskermjen fan de minskerjochten, benammen de rjochten fan it bern, en ek ta it sekuer earbiedigjen en ûntwikkeljen fan it ynternasjonaal rjocht, dêrby ynbegrepen it ynachtnimmen fan de begjinsels fan it Hânfêst fan de Feriene Naasjes.

6. De Uny stribbet dy doelstellingen mei passende middels nei, neffens de foegen dy't him dêrta yn de Ferdraggen tadield binne.

Kêst 4[edit]

1. Neffens kêst 5 hearre foegen dy't yn de Ferdraggen net oan de Uny tadield binne, ta oan de lidsteaten.

2. De Uny earbiediget de gelikensens fan de lidsteaten foar de Ferdraggen, en ek harren nasjonale identiteit dy't besletten leit yn harren politike en konstitúsjonele basisstruktueren, dêrûnder dy foar regionaal en lokaal selsbestjoer. Hy earbiediget de essinsjele steatsfunksjes, benammen de ferdigening fan de territoriale yntegriteit fan de steat, it hanthavenjen fan de iepenbiere oarder en it beskermjen fan de nasjonale feilichheid. Benammen de nasjonale feilichheid bliuwt inkeld en allinnich de ferantwurdlikheid fan elke lidsteat.

3. Ut krêft fan it begjinsel fan loyale gearwurking respektearje de Uny en de lidsteaten inoar en stypje hja inoar by it útfieren fan de taken dy't folgje út de Ferdraggen. De lidsteaten nimme alle tapaslike algemiene en bysûndere maatregels om de ferplichtingen dy't folgje út de Ferdraggen of út de rjochtshannelingen fan de ynstellingen fan de Uny, nei te kommen. De lidsteaten skewiele de Uny by it útfieren fan syn taak en ûnthâlde harren fan alle maatregels dy't it ferwêzentlikjen fan de doelstellingen fan de Uny yn gefaar bringe kinne.

Kêst 5[edit]

(âld kêst 5 FEM)

1. By it ôfbeakenjen fan de foegen fan de Uny jildt it begjinsel fan foechtadieling. By it útoefenjen fan dy foegen jilde de begjinsels fan subsidiariteit en evenredichheid.

2. Ut krêft fan it begjinsel fan de foechtadieling hannelet de Uny inkeld en allinnich binnen de grinzen fan de foegen dy't him troch de lidsteaten yn de Ferdraggen tadield binne om de dêryn bepaalde doelstellingen te ferwêzentlikjen. Foegen dy't yn de Ferdraggen net oan de Uny tadield binne, hearre ta oan de lidsteaten.

3. Ut krêft fan it subsidiariteitsbegjinsel hannelet de Uny op de mêden dy't net ûnder syn eksklusyf foech falle, inkeld en allinnich as en foarsafier't de doelstellingen fan it foarnommen hanneljen net foldwaande troch de lidsteaten op sintraal, regionaal of lokaal nivo ferwêzentlike wurde kinne, mar fanwegen de omfang of de gefolgen fan it foarnommen hanneljen better troch de Uny berikt wurde kinne.

De ynstellingen fan de Uny passe it subsidiariteitsbegjinsel ta neffens it Protokol oangeande it tapassen fan de begjinsels fan subsidiariteit en evenredichheid. De nasjonale parleminten sjogge der neffens de yn dat Protokol fêstleine proseduere op ta dat it subsidiariteitsbegjinsel earbiedige wurdt. 4. Ut krêft fan it evenredichheidsbegjinsel gean de ynhâld en de foarm fan it hanneljen fan de Uny net fierder as dat nedich is om de doelstellingen fan de Ferdraggen te ferwêzentlikjen. De ynstellingen fan de Uny passe it evenredichheidsbegjinsel ta neffens it Protokol oangeande it tapassen fan de begjinsels fan subsidiariteit en evenredichheid.

Kêst 6[edit]

(âld kêst 6 FEU)

1. De Uny erkent de rjochten, frijheden en begjinsels dy't fêststeld binne yn it Hânfêst fan de grûnrjochten fan de Europeeske Uny fan 7 desimber 2000, lykas oanpast op 12 desimber 2007 yn Straatsboarch, dat deselde juridyske wearde hat as de Ferdraggen. De bepalingen fan it Hânfêst hâlde op gjin inkelde wize in ferromming yn fan de foegen fan de Uny lykas bepaald yn de Ferdraggen.

De rjochten, frijheden en begjinsels fan it Hânfêst wurde útlein neffens de algemiene bepalingen fan Titel VII fan it Hânfêst oangeande de útlis en tapassing derfan; dêrby wurde ek de yn it Hânfêst opnommen taljochtingen, dêr't de boarnen fan dy bepalingen yn neamd binne, sekuer yn acht nommen.

2. De Uny slút him oan by it Europeesk Ferdrach ta it beskermjen fan de rjochten fan de minske en de fûnemintele frijheden. Dy oansluting feroaret de foegen fan de Uny, lykas bepaald yn de Ferdraggen, net.

3. De grûnrjochten, sa't dy garandearre wurde troch it Europeesk Ferdrach ta it beskermjen fan de rjochten fan de minske en de fûnemintele frijheden en sa't dy folgje út de konstitusjonele tradysjes dy't de lidsteaten mien hawwe, meitsje as algemiene begjinsels diel út fan it rjocht fan de Uny.

Kêst 7[edit]

(âld kêst 7 FEU)

1. By in útstel mei reden en útlis fan in treddepart fan de lidsteaten, it Europeesk Parlemint of de Europeeske Kommisje kin de Ried, nei goedkarring fan it Europeesk Parlemint, mei in mearderheid fan fjouwer fyfdepart fan syn leden konstatearje dat der dúdlik gefaar bestiet foar in slimme en oanhâldende skeining troch in lidsteat fan de yn kêst 2 neamde wearden. Foar't dy konstatearring dien wurdt, heart de Ried de lidsteat yn kwestje en kin er dy lidsteat neffens deselde proseduere oanbefellingen dwaan.

De Ried giet geregeldwei nei oft de reden dy't laat hat ta syn konstatearring noch bestiet.

2. Op útstel fan in treddepart fan de lidsteaten of fan de Europeeske Kommisje, en nei goedkarring fan it Europeesk Parlemint, kin de Europeeske Ried mei ienriedigens fan stimmen in slimme en oanhâldende skeining fan de yn kêst 2 neamde wearden troch in lidsteat fêststelle, nei't er de lidsteat yn kwestje frege hat om syn stânpunt datoangeande nei foaren te bringen.

3. Wannear't de fêststelling neffens lid 2 dien is, kin de Ried mei kwalifisearre mearderheid fan stimmen beslute ta ûnderbrekking fan bepaalde rjochten dy't folgje út it tapassen fan de Ferdraggen op de lidsteat yn kwestje, dêrby ynbegrepen de stimrjochten fan de fertsjintwurdiger fan it regear fan dy lidsteat yn de Ried. De Ried hâldt dêrby rekken mei de mooglike gefolgen fan sa'n ûnderbrekking foar de rjochten en ferplichtingen fan natuerlike persoanen en rjochtspersoanen.

De ferplichtingen fan de lidsteat yn kwestje op grûn fan de Ferdraggen bliuwe yn alle gefallen binend foar dy lidsteat.

4. De Ried kin letter mei kwalifisearre mearderheid fan stimmen beslute om maatregels dy't nommen binne út krêft fan lid 3 te feroarjen of yn te lûken yn ferbân mei feroaringen yn de situaasje dy't laat hat ta it oplizzen fan de maatregels.

5. De stimprosedueres dy't yn it ramt fan dit kêst jilde foar it Europeesk Parlemint, de Europeeske Ried en de Ried, wurde fêststeld yn kêst 354 fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny.

Kêst 8[edit]

1. De Uny ûntwikkelet mei de oanbuorjende lannen bysûndere bannen, dy't derop rjochte binne om in romte ta stân te bringen fan wolfeart en goede buorskip, dy't stuolket op de wearden fan de Uny en dy't karakterisearre wurdt troch hechte en freedsume betrekkingen dy't basearre binne op gearwurking.

2. Foar it tapassen fan lid 1 kin de Uny mei de oanbelangjende lannen spesifike oerienkomsten slute. Dy oerienkomsten kinne fan wjerskanten rjochten en ferplichtingen omfetsje en boppedat foarsjen yn de mooglikheid ta mienskiplik hanneljen. Oer it útfieren fan de oerienkomsten is der geregeldwei oerlis.

TITEL II BEPALINGEN OANGEANDE DE DEMOKRATYSKE BEGJINSELS[edit]

Kêst 9[edit]

De Uny earbiediget yn al syn aktiviteiten it begjinsel fan gelikensens fan syn boargers, dy't itselde omtinken krije fan syn ynstellingen, organen en ynstânsjes. Boarger fan de Uny is elkenien dy't de nasjonaliteit fan in lidsteat hat. It boargerskip fan de Uny komt neist it nasjonale boargerskip en net yn it plak dêrfan.

Kêst 10[edit]

1. De wurking fan de Uny is grûndearre op de represintative demokrasy.

2. De boargers wurde op it nivo fan de Uny streekrjocht fertsjintwurdige yn it Europeesk Parlemint.

De lidsteaten wurde yn de Europeeske Ried fertsjintwurdige troch harren steatshaad of harren regearingslieder en yn de Ried troch harren regearing, dy't sels demokratyske ferantwurding ferskuldige binne oan harren nasjonaal parlemint of oan harren boargers.

3. Elke boarger hat it rjocht om oan it demokratysk bestel fan de Uny diel te nimmen. De beslútfoarming kriget syn beslach sa iepen mooglik en sa ticht mooglik by de boarger.

4. De politike partijen op Europeesk nivo drage by ta de foarming fan in Europeesk polityk bewustwêzen en ta de utering fan de wil fan de boargers fan de Uny.

Kêst 11[edit]

1. De ynstellingen biede de boargers en de represintative organisaasjes fia passende wegen de mooglikheid om harren opfettingen te jaan oangeande alle ûnderdielen fan it hanneljen fan de Uny en dêr yn it iepenbier oer te diskusjearjen.

2. De ynstellingen fiere in iepen, transparante en regelmjittige dialooch mei represintative organisaasjes en mei it maatskiplik middenfjild.

3. Om 'e wille fan de gearhing en de transparânsje fan it hanneljen fan de Uny hat de Europeeske Kommisje op brede skaal oerlis mei de oanbelangjende partijen.

4. Wannear't op syn minst ien miljoen boargers fan de Uny, ôfkomstich út in signifikant oantal lidsteaten, fan betinken binne dat oangeande in oangelegenheid in rjochtshanneling fan de Uny nedich is om de Ferdraggen út te fieren, kinne hja it inisjatyf nimme om de Europeeske Kommisje te freegjen om in passend útstel dêrta yn te tsjinjen binnen it ramt fan de foegen dy't oan de Kommisje tadield binne.

De prosedueres en betingsten foar it yntsjinjen fan sa'n inisjatyf wurde fêststeld neffens kêst 24, earste alinea, fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny.

Kêst 12[edit]

De nasjonale parleminten drage aktyf by ta de goede wurking fan de Uny:

a) troch har ynformearje te litten troch de ynstellingen fan de Uny en troch har ûntwerpen fan wetjouwingshannelingen fan de Uny tastjoere te litten, neffens it Protokol oangeande de rol fan de nasjonale parleminten yn de Europeeske Uny;
b) troch derop ta te sjen dat it begjinsel fan subsidiariteit earbiedige wurdt neffens de prosedueres neamd yn it Protokol oangeande it tapassen fan de begjinsels fan subsidiariteit en evenredichheid;
c) troch, yn it ramt fan de romte fan frijheid, feilichheid en rjocht, diel te nimmen oan de meganismen foar de evaluaasje fan de útfiering fan it belied fan de Uny yn dy romte, neffens kêst 70 fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny, en troch behelle te wurden yn it politike tafersjoch op Europol en de evaluaasje fan de aktiviteiten fan Eurojust, neffens de kêsten 88 en 85 fan dat Ferdrach;
d) troch diel te nimmen oan de prosedueres foar it feroarjen fan de Ferdraggen, neffens kêst 48 fan dit Ferdrach;
e) troch har op 'e hichte bringe te litten fan fersiken om oansluting by de Uny, neffens kêst 49 fan dit Ferdrach;
f) troch diel te nimmen oan de ynterparlemintêre gearwurking tusken de nasjonale

parleminten en mei it Europeesk Parlemint, neffens it Protokol oangeande de rol fan de nasjonale parleminten yn de Europeeske Uny.

TITEL III BEPALINGEN OANGEANDE DE YNSTELLINGEN[edit]

Kêst 13[edit]

1. De Uny hat in ynstitusjoneel ramt, dat derta tsjinnet om syn wearden út te dragen, syn doelstellingen nei te stribjen, syn belangen en de belangen fan syn boargers en fan de lidsteaten te tsjinjen, en de gearhing, de effektiviteit en de kontinuïteit fan syn belied en syn hanneljen te garandearjen.

De ynstellingen fan de Uny binne:

  • it Europeesk Parlemint,
  • de Europeeske Ried,
  • de Ried,
  • de Europeeske Kommisje (tenei "de Kommisje"),
  • it Hof fan Justysje fan de Europeeske Uny,
  • de Europeeske Sintrale Bank,
  • de Rekkenkeamer.

2. Elke ynstelling hannelet binnen de grinzen fan de foegen dy't him yn de Ferdraggen tadield binne en neffens de dêryn bepaalde prosedueres, betingsten en doelstellingen. De ynstellingen wurkje loyaal gear.

3. De bepalingen oangeande de Europeeske Sintrale Bank en de Rekkenkeamer en ek neiere bepalingen oangeande de oare ynstellingen stean yn it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny.

4. It Europeesk Parlemint, de Ried en de Kommisje wurde bystien troch in Ekonomysk en Sosjaal Komitee en in Komitee fan de Regio's, dy't in advisearjende taak hawwe.

Kêst 14[edit]

1. It Europeesk Parlemint oefenet mei de Ried de wetjouwingstaak en de begruttingstaak út. It oefenet politike kontrôle en advisearjende taken út ûnder de yn de Ferdraggen bepaalde betingsten. It kiest de foarsitter fan de Kommisje.

2. It Europeesk Parlemint bestiet út fertsjintwurdigers fan de boargers fan de Uny. Harren oantal is net mear as sânhûndertfyftich, plus de foarsitter. De boargers binne degressyf evenredich fertsjintwurdige, mei op syn minst seis leden foar elke lidsteat. Gjin inkelde lidsteat kriget mear as seisennjoggentich sitten tawiisd. De Europeeske Ried stelt mei ienriedigens fan stimmen op inisjatyf fan en nei goedkarring troch it Europeesk Parlemint in beslút oangeande de gearstalling fan it Europeesk Parlemint fêst, mei achtslaan fan de begjinsels dy't yn de earste alinea neamd binne.

3. De leden fan it Europeesk Parlemint wurde troch streekrjochte, frije en geheime algemiene ferkiezingen foar in perioade fan fiif jier keazen.

4. It Europeesk Parlemint kiest út syn leden de foarsitter en it presidium.

Kêst 15[edit]

1. De Europeeske Ried jout de nedige ympulzen foar de ûntjouwing fan de Uny en bepaalt de algemiene politike beliedslinen en prioriteiten. Hy oefenet gjin wetjouwingstaak út.

2. De Europeeske Ried bestiet út de steatshaden en regearingslieders fan de lidsteaten, syn eigen foarsitter en de foarsitter fan de Kommisje. De hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied nimt diel oan it wurk fan de Europeeske Ried.

3. De Europeeske Ried wurdt twa kear it healjier troch syn foarsitter gearroppen. As de aginda soks freget, kinne de leden fan de Europeeske Ried beslute om harren elk bystean te litten troch in minister en, wat de foarsitter fan de Kommisje oanbelanget, troch in lid fan de Kommisje. As de situaasje soks freget, ropt de foarsitter in bûtengewoane gearkomste fan de Europeeske Ried gear.

4. De Europeeske Ried sprekt him by konsensus út, of it moast wêze dat der yn de Ferdraggen wat oars bepaald is.

5. De Europeeske Ried kiest syn foarsitter mei kwalifisearre mearderheid fan stimmen foar in perioade fan twa en in heal jier. De foarsitter kin ienris op 'en nij keazen wurde. As de foarsitter behindere is of op slimme wize tekoartsjit, kin de Europeeske Ried neffens deselde proseduere syn mandaat beëinigje.

6. De foarsitter fan de Europeeske Ried:

a) liedt en stimulearret it wurk fan de Europeeske Ried;
b) soarget, yn gearwurking mei de foarsitter fan de Kommisje en op basis fan it wurk fan de Ried Algemiene Saken, foar de tarieding en de kontinuïteit fan it wurk fan de Europeeske Ried;
c) befoarderet de gearhing en de konsensus binnen de Europeeske Ried;
d) leit nei ôfrin fan alle byienkomsten fan de Europeeske Ried in ferslach foar oan it Europeesk Parlemint.

De foarsitter fan de Europeeske Ried soarget op dat nivo en yn dy hoedanichheid foar de eksterne fertsjintwurdiging fan de Uny yn oangelegenheden dy't ûnder it mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied falle, mei behâld fan de oan de hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied tadielde foegen.

De foarsitter fan de Europeeske Ried kin gjin nasjonaal mandaat útoefenje.

Kêst 16[edit]

1. De Ried oefenet yn 'e mande mei it Europeesk Parlemint de wetjouwingstaak en de begruttingstaak út. De Ried oefenet beliedsbepalende en koördinearjende taken út ûnder de yn de Ferdraggen bepaalde betingsten.

2. De Ried bestiet út in fertsjintwurdiger fan elke lidsteat op ministerieel nivo, dy't machtige is om it regear fan de lidsteat dy't er fertsjintwurdiget, te binen en om it stimrjocht út te oefenjen.

3. De Ried beslút mei kwalifisearre mearderheid fan stimmen, of it moast wêze dat der yn de Ferdraggen wat oars bepaald is.

4. Mei yngong fan 1 novimber 2014 jildt as kwalifisearre mearderheid in mearderheid fan op syn minst 55% fan de leden fan de Ried, besteande út op syn minst fyftjin leden fan de Ried, en dy't lidsteaten fertsjintwurdigje mei mei-inoar op syn minst 65% fan de befolking fan de Uny. In blokkearjende minderheid bestiet út op syn minst fjouwer leden fan de Ried; oars wurdt derfan útgien dat de kwalifisearre mearderheid fan stimmen helle is.

De oare bepalingen oangeande de beslútfoarming mei kwalifisearre mearderheid wurde fêststeld yn kêst 238, lid 2, fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny.

5. De oergongsbepalingen oangeande de omskriuwing fan de kwalifisearre mearderheid dy't oant en mei 31 oktober 2014, respektivelik tusken 1 novimber 2014 en 31 maart 2017 jilde, wurde fêststeld yn it Protokol oangeande de oergongsbepalingen.

6. De Ried komt yn ferskillende formaasjes gear; de list derfan wurdt fêststeld neffens kêst 236 fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny. De Ried Algemiene Saken soarget foar de gearhing fan it wurk fan de ferskillende Riedsformaasjes. De Ried Algemiene Saken riedt de gearkomsten fan de Europeeske Ried ta en folget dy op yn kontakt mei de foarsitter fan de Europeeske Ried en mei de Kommisje. De Ried Bûtenlânske Saken wurket it eksterne hanneljen fan de Uny út neffens de troch de Europeeske Ried fêststelde strategyske linen en soarget foar de gearhing yn it hanneljen fan de Uny.

7. In Komitee fan permaninte fertsjintwurdigers fan de regearingen fan de lidsteaten is belêstige mei de tarieding fan it wurk fan de Ried.

8. De Ried leit oer en stimt yn in iepenbiere sitting oer in ûntwerp fan wetjouwingshanneling. Dêrta wurdt elke Riedssitting opdield yn twa parten, dy't respektivelik wijd wurde oan oerlis oer de wetjouwingshannelingen fan de Uny en oan net-wetjouwingsaktiviteiten.

9. It foarsitterskip fan de Riedsformaasjes, oars as dat fan Bûtenlânske Saken, wurdt neffens in rûlaasjesysteem op basis fan gelikensens útoefene troch de fertsjintwurdigers fan de lidsteaten yn de Ried, ûnder de betingsten sa't dy fêststeld binne neffens kêst 236 fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny.

Kêst 17[edit]

1. De Kommisje befoarderet it algemien belang fan de Uny en nimt dêrta passende inisjativen. Hy sjocht ta op it tapassen fan sawol de Ferdraggen as de maatregels dy't de ynstellingen út krêft fan dy Ferdraggen fêststelle. Under de kontrôle fan it Hof fan Justysje fan de Europeeske Uny sjocht er ta op it tapassen fan it rjocht fan de Uny. Hy fiert de begrutting út en beheart de programma's. Hy oefenet ûnder de yn de Ferdraggen bepaalde betingsten koördinearjende, útfierende en beheartaken út. Hy soarget foar de eksterne fertsjintwurdiging fan de Uny, útsein oangeande it mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied en de oare yn de Ferdraggen bepaalde gefallen. De Kommisje nimt de inisjativen ta de jierlikse en mearjierrige programmearring fan de Uny om ynterynstitusjonele akkoarten ta stân te bringen.

2. Wetjouwingshannelingen fan de Uny kinne allinnich op útstel fan de Kommisje fêststeld wurde, of it moast wêze dat der yn de Ferdraggen wat oars bepaald is. Oare rjochtshannelingen wurde op útstel fan de Kommisje fêststeld yn dy gefallen dat de Ferdraggen dêryn foarsjogge.

3. De amtstermyn fan de Kommisje is fiif jier. De leden fan de Kommisje wurde op grûn fan harren algemiene saakkundichheid en Europeeske ynset keazen út persoanen dy't alle garânsjes foar ûnôfhinklikheid biede. De Kommisje oefenet syn ferantwurdlikheden yn folsleine ûnôfhinklikheid út. Mei behâld fan kêst 18, lid 2, freegje noch akseptearje de leden fan de Kommisje ynstruksjes fan likefolle hokker regear, ynstelling, orgaan of ynstânsje. Hja ûnthâlde harren fan elke hanneling dy't ûnferienichber is mei it karakter fan harren amt of mei de útfiering fan harren taak.

4. De Kommisje dy't beneamd is foar de perioade tusken de datum fan yngean fan it Ferdrach fan Lissabon en 31 oktober 2014, bestiet út ien steatsboarger fan elke lidsteat, dêrby ynbegrepen de foarsitter fan de Kommisje en de hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied, dy't ien fan de vice-foarsitters fan de Kommisje is.

5. Fan 1 novimber 2014 ôf bestiet de Kommisje út in oantal leden, dêrby ynbegrepen de foarsitter fan de Kommisje en de hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied, dat oerienkomt mei twa treddepart fan it oantal lidsteaten, of it moast wêze om dat de Europeeske Ried mei ienriedigens fan stimmen beslút om dat oantal te feroarjen. De leden fan de Kommisje wurde keazen út de steatsboargers fan de lidsteaten neffens in rûlaasjesysteem basearre op folsleine gelikensens tusken de lidsteaten dat it mooglik makket om it demografyske en geografyske ferskaat fan alle lidsteaten te wjerspegeljen. Dat systeem wurdt troch de Europeeske Ried mei ienriedigens fan stimmen fêststeld neffens kêst 244 fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny.

6. De foarsitter fan de Kommisje:

a) stelt de rjochtsnoeren fêst dy't de de Kommisje yn acht nimt by it útfieren fan syn taak;
b) beslút oer de ynterne organisaasje fan de Kommisje en garandearret sadwaande de gearhing, de effektiviteit en it kollegiale karakter fan syn hanneljen;
c) beneamt vice-foarsitters, útsein de hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied, út de leden fan de Kommisje.

In lid fan de Kommisje nimt ûntslach as de foarsitter him dêrom freget. De hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied nimt ûntslach neffens de proseduere fan kêst 18, lid 1, as de foarsitter him dêrom freget.

7. Rekken hâldend mei de ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint en nei passend rieplachtsjen, draacht de Europeeske Ried mei kwalifisearre mearderheid fan stimmen by it Europeesk Parlemint in kandidaat foar it amt fan foarsitter fan de Kommisje foar. Dy kandidaat wurdt troch it Parlemint by mearderheid fan syn leden keazen. As de kandidaat by de stimming gjin mearderheid hellet, draacht de Europeeske Ried mei kwalifisearre mearderheid fan stimmen binnen in moanne in nije kandidaat foar, dy't neffens deselde proseduere troch it Parlemint keazen wurdt.

De Ried stelt yn miene oerienstimming mei de keazen foarsitter de list gear fan de oare persoanen dy't er foarslacht om ta lid fan de Kommisje te beneamen. Hja wurde keazen op basis fan de foardrachten fan de lidsteaten, neffens de yn lid 3, twadde alinea en lid 5, twadde alinea, bepaalde kritearia.

De foarsitter, de hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied en de oare leden fan de Kommisje binne as kolleezje ôfhinklik fan goedkarring troch in stimming yn it Europeesk Parlemint. Op basis fan dy goedkarring wurdt de Kommisje troch de Europeeske Ried mei kwalifisearre mearderheid fan stimmen beneamd.

8. De Kommisje leit as kolleezje ferantwurding ôf oan it Europeesk Parlemint. It Europeesk Parlemint kin neffens kêst 234 fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny in moasje fan wantrouwen tsjin de Kommisje oannimme. As sa'n moasje oannommen wurdt, moatte de leden fan de Kommisje kollektyf ûntslach nimme en moat de hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied syn funksje yn de Kommisje ek oerjaan.

Kêst 18[edit]

1. De Europeeske Ried beneamt mei ynstimming fan de foarsitter fan de Kommisje mei kwalifisearre mearderheid fan stimmen de hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied. De Europeeske Ried kin syn mandaat neffens deselde proseduere beëinigje.

2. De hege fertsjintwurdiger fiert it mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied fan de Uny. Hy draacht mei syn útstellen by ta it útwurkjen fan dat belied, dat er as mandataris fan de Ried útfiert. Hy hannelet krekt sa oangeande it mienskiplik feilichheids- en definsjebelied.

3. De hege fertsjintwurdiger sit de Ried Bûtenlânske Saken foar.

4. De hege fertsjintwurdiger is ien fan de vice-foarsitters fan de Kommisje. Hy sjocht ta op de gearhing fan it eksterne hanneljen fan de Uny. Binnen de Kommisje is er belêstige mei de taken fan de Kommisje op it mêd fan de eksterne betrekkingen en mei de koördinaasje fan de oare aspekten fan it eksterne hanneljen fan de Uny. By it útoefenjen fan dy taken yn de Kommisje, en allinnich binnen it bestek dêrfan, jilde foar de hege fertsjintwurdiger de prosedueres foar de wurking fan de Kommisje, foarsafier't dat ferienichber is mei de lidden 2 en 3.

Kêst 19[edit]

1. It Hof fan Justysje fan de Europeeske Uny omfettet it Hof fan Justysje, it Gerjocht en spesjalisearre rjochtbanken. It stiet noed foar it earbiedigjen fan it rjocht by it útlizzen en tapassen fan de Ferdraggen.

De lidsteaten foarsjogge yn de nedige rjochtsmiddels om echte rjochtsbeskerming te garandearjen op dy mêden dy't ûnder it rjocht fan de Uny falle.

2. It Hof fan Justysje bestiet út ien rjochter út elke lidsteat. It wurdt bystien troch advokaten24 generaal.

It Gerjocht hat op syn minst ien rjochter de lidsteat. De rjochters en de advokaten-generaal fan it Hof fan Justysje en de rjochters fan it Gerjocht wurde keazen út persoanen dy't alle garânsjes foar ûnôfhinklikheid biede en foldogge oan de betingsten neamd yn de kêsten 253 en 254 fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny. Hja wurde yn miene oerienstimming troch de regearingen fan de lidsteaten foar seis jier beneamd. De ôfgeande rjochters en advokaten-generaal kinne op 'en nij beneamd wurde.

3. It Hof fan Justysje fan de Europeeske Uny docht útspraak neffens de Ferdraggen:

a) oangeande in berop dat troch in lidsteat, in ynstelling of in natuerlike persoan of rjochtspersoan ynsteld wurdt;
b) op fersyk fan de nasjonale rjochterlike ynstânsjes by wize fan prejudisjele beslissing oer de útlis fan it rjocht fan de Uny en oer de jildichheid fan de troch de ynstellingen fêststelde rjochtshannelingen;
c) yn de oare gefallen, dy't yn de Ferdraggen neamd wurde.

TITEL IV BEPALINGEN OANGEANDE DE HECHTERE GEARWURKING[edit]

Kêst 20[edit]

(âlde kêsten 27A o/m 27E, 40 o/m 40B en 43 o/m 45, FEU, en âlde kêsten 11 en 11A, FEM)

1. De lidsteaten dy't ûnderinoar in hechtere gearwurking oangean wolle yn it ramt fan de neteksklusive foegen fan de Uny, kinne gebrûk meitsje fan de ynstellingen fan de Uny en dy foegen útoefenje op grûn fan de dêrfoar jildende bepalingen fan de Ferdraggen, binnen de grinzen fan en neffens itjinge dat bepaald is yn dit kêst en yn de kêsten 326 oant en mei 334 fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny.

Doel fan sa'n hechtere gearwurking is it befoarderjen fan it ferwêzentlikjen fan de doelstellingen fan de Uny, it beskermjen fan syn belangen en it fersterkjen fan syn yntegraasjeproses. Hechtere gearwurking stiet altyd iepen foar alle lidsteaten, neffens kêst 328 fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny.

2. It beslút ynhâldende machtiging om hechtere gearwurking oan te gean wurdt yn lêste ynstânsje fêststeld troch de Ried, wannear't dy konstatearret dat de mei de hechtere gearwurking neistribbe doelstellingen net yn in ridlike termyn troch de Uny yn syn gehiel ferwêzentlike wurde kinne en mitsdat op syn minst njoggen lidsteaten oan de hechtere gearwurking dielnimme. De Ried beslút neffens de yn kêst 329 fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny bepaalde proseduere.

3. Alle leden fan de Ried kinne dielnimme oan it berie fan de Ried, lykwols allinnich de leden fan de Ried dy't de oan in hechtere gearwurking dielnimmende lidsteaten fertsjintwurdigje, nimme diel oan de stimming. De stimproseduere wurdt fêststeld yn kêst 330 fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny.

4. De yn it ramt fan in hechtere gearwurking fêststelde rjochtshannelingen binne allinnich binend foar de lidsteaten dy't oan de hechtere gearwurking dielnimme. Hja wurde net beskôge as in acquis dat troch de kandidaat-lidsteaten fan de Uny akseptearre wurde moat.

TITEL V ALGEMIENE BEPALINGEN OANGEANDE IT EKSTERN HANNELJEN FAN DE UNY EN SPESIFIKE BEPALINGEN OANGEANDE IT MIENSKIPLIK BÛTENLÂNSK BELIED EN FEILICHHEIDSBELIED[edit]

HAADSTIK 1 ALGEMIENE BEPALINGEN OANGEANDE IT EKSTERN HANNELJEN FAN DE UNY

Kêst 21[edit]

1. De Uny lit him yn syn ynternasjonaal hanneljen liede troch de begjinsels dy't de grûnslach foarme hawwe foar syn eigen ûntstean, ûntjouwing en útwreiding en dy't er besiket te befoarderjen yn de rest fan de wrâld: demokrasy, rjochtssteat, de universele jildichheid en ûndielberheid fan de minskerjochten en fûnemintele frijheden, it earbiedigjen fan de minsklike weardichheid, de begjinsels fan gelikensens en solidariteit, en ek it neilibjen fan de begjinsels fan it Hânfêst fan de Feriene Naasjes en it ynternasjonaal rjocht. De Uny stribbet dernei om betrekkingen te ûntwikkeljen en partnerskippen oan te gean mei tredde lannen en ek mei regionale of mondiale ynternasjonale organisaasjes dy't de yn de earste alinea neamde begjinsels diele. Hy befoarderet multylaterale oplossingen foar mienskiplike problemen, benammen yn it ramt fan de Feriene Naasjes.

2. De Uny bepaalt it mienskiplik belied en hanneljen, fiert dat út en set him yn foar in fiergeande foarm fan gearwurking op alle mêden fan de ynternasjonale ferhâldingen, mei as doel:

a) it beskermjen fan syn wearden en fûnemintele belangen, en ek fan syn feilichheid, ûnôfhinklikheid en yntegriteit;
b) it konsolidearjen en fuortsterkjen fan demokrasy, rjochtssteat, minskerjochten en de begjinsels fan it ynternasjonaal rjocht;
c) it hanthavenjen fan de frede, it tefoarenkommen fan konflikten en it fersterkjen fan de ynternasjonale feilichheid neffens de doelstellingen en begjinsels fan it Hânfêst fan de Feriene Naasjes, en ek neffens de begjinsels fan de Slotakte fan Helsinki en de doelstellingen fan it Hânfêst fan Parys, dêrby ynbegrepen de doelstellingen oangeande de bûtengrinzen;
d) it stypjen fan de duorsume ûntjouwing fan de ûntwikkelingslannen op ekonomysk en sosjaal mêd, en ek wat it miljeu oanbelanget, mei as foarnaamste doel it ferdriuwen fan de earmoed;
e) it stimulearjen fan de yntegraasje fan alle lannen yn de wrâldekonomy, ûnder oaren troch it njonkelytsen út 'e wei romjen fan behinderingen foar de ynternasjonale hannel;
f) it leverjen fan in bydrage oan it útwurkjen fan ynternasjonale maatregels om de kwaliteit fan it miljeu en it duorsum behear fan de mondiale natuerlike rykdommen te beskermjen en te ferbetterjen, om in duorsume ûntjouwing te garandearjen;
g) it jaan fan help oan folken, lannen en regio's dy't te krijen hawwe mei natuerrampen of mei rampen dy't troch minsken feroarsake binne; en
h) it befoarderjen fan in ynternasjonaal bestel dat basearre is op sterkere multylaterale gearwurking en goed mondiaal bestjoer.

3. By de útwurking en útfiering fan de ûnderskate ûnderdielen fan it ekstern hanneljen fan de Uny dy't falle ûnder dizze Titel en ûnder it Fyfde Diel fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny, earbiediget de Uny de yn de lidden 1 en 2 neamde begjinsels en stribbet de yn dy lidden neamde doelstellingen nei; soks jildt ek foar it fierdere belied fan de Uny foarsafier't it giet om de eksterne aspekten dêrfan.

De Uny sjocht ta op de gearhing tusken de ûnderskate ûnderdielen fan syn ekstern hanneljen en ek tusken dy ûnderdielen en it fierdere belied fan de Uny. De Ried en de Kommisje, dêryn bystien troch de hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied, steane noed foar dy gearhing en wurkje mei dat doel gear.

Kêst 22[edit]

1. De Europeeske Ried stelt de strategyske belangen en doelstellingen fan de Uny fêst op basis fan de yn kêst 21 neamde begjinsels en doelstellingen. De besluten fan de Europeeske Ried oangeande de strategyske belangen en doelstellingen fan de Uny reitsje sawol it mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied as oare ûnderdielen fan it ekstern hanneljen fan de Uny. Dy besluten kinne ek de betrekkingen fan de Uny mei in spesifyk lân of in spesifike regio oanbelangje, of in bepaald tema as ûnderwerp hawwe. Yn de besluten wurde de jildichheidsdoer derfan bepaald, en ek de middels dy't troch de Uny en de lidsteaten beskikber steld wurde. De Europeeske Ried beslút mei ienriedigens fan stimmen op oanbefelling fan de Ried, hokker oanbefelling oft troch de Ried fêststeld wurdt neffens de regelingen dy't foar it oanbelangjende ûnderdiel fan belied fêstlein binne. De besluten fan de Europeeske Ried wurde útfierd neffens de yn de Ferdraggen fêstleine prosedueres.

2. De hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied en de Kommisje kinne, at it giet om it mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied respektivelik de oare ûnderdielen fan it ekstern hanneljen fan de Uny, mienskiplik útstellen yntsjinje by de Ried.

HAADSTIK 2 SPESIFIKE BEPALINGEN OANGEANDE IT MIENSKIPLIK BÛTENLÂNSK BELIED EN FEILICHHEIDSBELIED

OFDIELING 1 MIENSKIPLIKE BEPALINGEN]]

Kêst 23[edit]

It ynternasjonaal hanneljen fan de Uny yn it ramt fan dit Haadstik berêst op de begjinsels, is rjochte op de doelstellingen, en wurdt útfierd neffens de algemiene bepalingen dy't neamd binne yn Haadstik 1.

Kêst 24[edit]

(âld kêst 11 FEU)

1. It foech fan de Uny oangeande it mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied omfiemet alle ûnderdielen fan it bûtenlânsk belied en alle fraachstikken dy't ferbân hâlde mei de feilichheid fan de Uny, dêrby ynbegrepen it njonkelytsen fêststellen fan in mienskiplik definsjebelied dat liede kin ta in mienskiplike definsje.

Foar it mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied jilde spesifike regels en prosedueres. It wurdt bepaald en útfierd troch de Europeeske Ried en troch de Ried, dy't beslute mei ienriedigens fan stimmen, of it moast wêze dat der yn de Ferdraggen wat oars bepaald wurdt. It fêststellen fan wetjouwingshannelingen is útsletten. It mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied wurdt útfierd troch de hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied en troch de lidsteaten, yn oerienstimming mei de Ferdraggen. De spesifike rol fan it Europeesk Parlemint en fan de Kommisje op dat mêd wurdt bepaald yn de Ferdraggen. It Hof fan Justysje fan de Europeeske Uny hat oangeande dy bepalingen gjin foech, útsein it foech om tafersjoch te hâlden op it neilibjen fan kêst 40 fan dit Ferdrach en om de wettichheid fan guon besluten nei te gean, lykas bepaald yn kêst 275, twadde alinea, fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny.

2. Yn it ramt fan de begjinsels en de doelstellingen fan it ekstern hanneljen, bepaalt en fiert de Uny in mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied dat berêst op de ûntjouwing fan de wjersidige politike solidariteit fan de lidsteaten, it fêsttellen fan oangelegenheden fan algemien belang en it ta stân bringen fan in hieltyd gruttere konverginsje yn it hanneljen fan de lidsteaten.

3. De lidsteaten jouwe yn in geast fan loyaliteit en wjersidige solidariteit harren stipe, dy't aktyf en sûnder betingsten is, oan it bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied fan de Uny en earbiedigje it hanneljen fan de Uny op dat mêd.

De lidsteaten wurkje gear om harren wjersidige politike solidariteit te fersterkjen en te ûntwikkeljen. Hja ûnthâlde harren fan elk hanneljen dat yn striid is mei de belangen fan de Uny of dat de effektiviteit derfan as bondeljende krêft yn de ynternasjonale ferhâldingen ferminderje kin.

De Ried en de hege fertsjintwurdiger sjogge ta op it yn acht nimmen fan dy begjinsels.

Kêst 25[edit]

(âld kêst 12 FEU)

De Uny fiert it mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied út troch:

a) de algemiene rjochtsnoeren fêst te stellen;
b) besluten fêst te stellen ta bepaling fan:
i) it troch de Uny út te fieren hanneljen;
ii) de troch de Uny yn te nimmen stânpunten;
iii) de wize fan útfiering fan de ûnder de punten i) en ii) neamde besluten;
en
c) de systematyske gearwurking tusken de lidsteaten oangeande de beliedsfiering te fersterkjen.

Kêst 26[edit]

(âld kêst 13 FEU)

1. De Europeeske Ried bepaalt wat de strategyske belangen fan de Uny binne en stelt de begjinsels fan en algemiene rjochtsnoeren foar it mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied fêst, ûnder oaren foar oangelegenheden mei gefolgen op it mêd fan definsje. Hy nimt de nedige besluten.

As in ynternasjonale ûntjouwing soks easket, wurdt de Europeeske Ried troch syn foarsitter yn bûtengewoane gearkomste gearroppen, om de strategyske beliedslinen fan de Uny oangeande dy ûntwikkeling fêst te stellen.

2. Op basis fan de algemiene rjochtsnoeren en strategyske beliedslinen fan de Europeeske Ried, wurket de Ried it mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied út en nimt er de nedige besluten foar it fêststellen en útfieren fan dat belied.

De Ried en de hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied sjogge ta op de ienheid, de gearhing en de effektiviteit fan it hanneljen fan Uny.

3. It mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied wurdt útfierd troch de hege fertsjintwurdiger en de lidsteaten, dy't dêrta gebrûk meitsje fan de nasjonale middels en dy fan de Uny.

Kêst 27[edit]

1. De hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied, dy't de Ried Bûtenlânske Saken foarsit, draacht troch syn útstellen by ta de útwurking fan it mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied en stiet noed foar de útfiering fan de besluten fan de Europeeske Ried en fan de Ried.

2. De hege fertsjintwurdiger fertsjintwurdiget de Uny yn oangelegenheden dy't ûnder it mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied falle. Hy fiert út namme fan de Uny de politike dialooch mei tredden en bringt yn ynternasjonale organisaasjes en op ynternasjonale konferinsjes it stânpunt fan de Uny ûnder wurden.

3. By it útoefenjen fan syn amt wurdt de hege fertsjintwurdiger bystien troch in Europeeske tsjinst foar ekstern hanneljen. Dy tsjinst wurket gear mei de diplomatike tsjinsten fan de lidsteaten en is gearstald út amtners út de foechhawwende tsjinsten fan it sekretariaat-generaal fan de Ried, fan de Kommisje en út personielsleden dy't troch de nasjonale diplomatike tsjinsten detasjearre binne. De ynrjochting en de wurking fan de Europeeske tsjinst foar ekstern hanneljen wurde fêststeld troch in beslút fan de Ried. De Ried beslút op útstel fan de hege fertsjintwurdiger, nei rieplachtsjen fan it Europeesk Parlemint en nei de ynstimming fan de Kommisje.

Kêst 28[edit]

(âld kêst 14 FEU)

1. Wannear't in ynternasjonale situaasje in operasjoneel hanneljen fan de Uny easket, nimt de Ried de nedige besluten. Yn dy besluten wurde de doelen en omfang, de middels dy't de Uny ta syn foldwaan krije moat en, as it nedich is, de tiiddoer en de betingsten foar it útfieren fan dat hanneljen omskreaun.

As him in feroaring fan omstannichheden foardocht mei in dúdlike ynfloed op in fraachstik dat it foarwerp is fan sa'n beslút, besjocht de Ried de begjinsels en de doelstellingen fan dat beslút op 'en nij en nimt er de needsaaklike besluten.

2. In yn lid 1 neamd beslút bynt de lidsteaten by it ynnimmen fan stânpunten en by harren fierder hanneljen.

3. Hieltyd wannear't op grûn fan in beslút yn de sin fan lid 1 in nasjonale stânpuntbepaling of in nasjonaal hanneljen yn berie nommen wurdt, wurdt dêrfan troch de oanbelangjende lidsteat op sa'n tiidstip kundskip dien dat, as soks nedich is, oerlis yn 't foar binnen de Ried mooglik is. De ferplichting ta meidieling yn 't foar jildt net foar maatregels dy't allinnich mar de nasjonale omsetting fan de besluten fan de Ried ynhâlde.

4. Yn gefallen dat it op grûn fan feroaringen yn de situaasje persoarst nedich is, wylst der gjin oanpassing fan it beslút fan de Ried lykas neamd yn lid 1 foarleit, kinne de lidsteaten rêd en flotwei de needsaaklike maatregels nimme, dêrby rekken hâldend mei de algemiene doelstellingen fan dat beslút. De oanbelangjende lidsteat bringt de Ried fuortendaliks fan soksoartige maatregels op 'e hichte.

5. Yn it gefal fan grutte swierrichheden by it útfieren fan in yn dit kêst neamd beslút, leit in lidsteat dy foar oan de Ried, dy't dêr oerlis oer hat en passende oplossingen siket. Dy meie net stridich wêze mei de doelstellingen fan it yn lid 1 neamde beslút noch de effektiviteit derfan ferminderje.

Kêst 29[edit]

(âld kêst 15 FEU)

De Ried stelt besluten fêst dêr't de oanpak fan de Uny yn bepaald wurdt oangeande in bepaalde oangelegenheid fan geografysk of tematysk aard. De lidsteaten steane der noed foar dat harren nasjonaal belied mei de stânpunten fan de Uny oerienstimt.

Kêst 30[edit]

(âld kêst 22 FEU)

1. Elke lidsteat, de hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied, of de hege fertsjintwurdiger mei stipe fan de Kommisje, kin elk fraachstik oangeande it mienskiplik bûtenlânsk belied of feilichheidsbelied oan de Ried foarlizze en by de Ried inisjativen foarlizze respektivelik útstellen dwaan.

2. Yn de gefallen dat rêd en flotwei beslútfoarming needsaaklik is, ropt de hege fertsjintwurdiger, itsij op eigen manneboet, itsij op fersyk fan in lidsteat binnen achtenfjirtich oeren of, yn it gefal fan absolute needsaak, op koartere termyn in bûtengewoane sitting fan de Ried byinoar.

Kêst 31[edit]

(âld kêst 23 FEU)

1. Yn it ramt fan dit Haadstik wurde besluten troch de Europeeske Ried en de Ried mei ienriedigens fan stimmen nommen, of it moast wêze dat der yn dit Haadstik wat oars bepaald is. Wetjouwingshannelingen kinne net fêststeld wurde.

As in lid fan de Ried him fan stimming ûnthâldt, kin dat lid syn ûnthâlding taljochtsje troch op grûn fan dizze alinea in formele ferklearring ôf te lizzen. Yn dat gefal is it lid net ferplichte en pas it beslút ta, mar akseptearret it wol dat it beslút de Uny bynt. Yn in geast fan wjersidige solidariteit ûnthâldt de oanbelangjende lidsteat him fan elk hanneljen dat it hanneljen fan de Uny út krêft fan it neamde beslút tsjinwurkje of behinderje kinne soe, en earbiedigje de oare lidsteaten dat stânpunt. As de leden fan de Ried dy't harren ûnthâlding op dy wize taljochtsje, op syn minst ien treddepart fan de lidsteaten fertsjintwurdigje en de totale befolking fan de troch harren fertsjintwurdige lidsteaten op syn minst ien treddepart fan de totale befolking fan de Uny útmakket, wurdt it beslút net fêststeld.

2. Yn ôfwiking fan lid 1 beslút de Ried mei kwalifisearre mearderheid fan stimmen:

– wannear't er in beslút fêststelt dat in ynset of in stânpunt fan de Uny bepaalt op grûn fan in beslút fan de Europeeske Ried oangeande de strategyske belangen en doelstellingen fan de Uny yn de sin fan kêst 22, lid 1;
– wannear't er in beslút fêststelt dat in ynset of in stânpunt fan de Uny bepaalt, op útstel fan de hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied, dat foarlein wurdt nei oanlieding fan in spesifyk fersyk dat de Europeeske Ried op eigen manneboet of op inisjatyf fan de hege fertsjintwurdiger oan him rjochte hat;
– by it oannimmen fan in beslút dêr't in beslút mei útfierd wurdt dat in ynset of in stânpunt fan de Uny bepaalt;
– by it beneamen fan in spesjale fertsjintwurdiger neffens kêst 33.

As in lid fan de Ried ferklearret om fitale, neier neamde, redenen fan nasjonaal belied it foarnimmen te hawwen om him te fersetten tsjin it oannimmen fan in beslút dat mei kwalifisearre mearderheid fan stimmen oannommen wurde moat, wurdt net stimd. De hege fertsjintwurdiger besiket om yn nau oerlis mei de oanbelangjende lidsteat ta in akseptabele oplossing te kommen. As dat gjin fertuten docht, kin de Ried mei kwalifisearre mearderheid fan stimmen easkje dat de oangelegenheid foarlein wurdt oan de Europeeske Ried, dy't mei ienriedigens fan stimmen in beslút fêststelt.

3. De Europeeske Ried kin mei ienriedigens fan stimmen troch in beslút bepale dat de Ried yn oare as de yn lid 2 neamde gefallen mei kwalifisearre mearderheid fan stimmen beslút.

4. De lidden 2 en 3 binne net fan tapassing op besluten dy't gefolgen hawwe op militêr mêd of op it mêd fan definsje.

5. Foar proseduerekwestjes nimt de Ried syn besluten mei folsleine mearderheid fan stimmen fan syn leden.

Kêst 32[edit]

(âld kêst 16 FEU)

Tusken de lidsteaten wurdt oerlein yn de Europeeske Ried en yn de Ried oer alle oangelegenheden fan algemien belang op it mêd fan it bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied, om in mienskiplike oanpak te bepalen. Ear't in lidsteat ynternasjonaal hannelet of ferplichtingen oangiet dy't gefolgen hawwe kinne foar de belangen fan de Uny, leit er oer mei de oare lidsteaten yn de Europeeske Ried of yn de Ried. Troch harren hanneljen opinoar ôf te stimmen steane de lidsteaten der noed foar dat de Uny syn belangen en syn wearden op it ynternasjonale toaniel jilde litte kin. De lidsteaten binne ûnderinoar solidêr. Wannear't de Europeeske Ried of de Ried in mienskiplike oanpak fan de Uny yn de sin fan de earste alinea bepaald hat, koördinearje de hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied en de ministers fan Bûtenlânske Saken fan de lidsteaten harren aktiviteiten yn de Ried. De diplomatike misjes fan de lidsteaten en de delegaasjes fan de Uny yn tredde lannen en by ynternasjonale organisaasjes wurkje gear en drage by ta it formulearjen en it útfieren fan de mienskiplike oanpak.

Kêst 33[edit]

(âld kêst 18 FEU)

De Ried kin, op útstel fan de hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied, in spesjale fertsjintwurdiger mei in mandaat foar spesifike beliedsfraachstikken beneame. De spesjale fertsjintwurdiger fiert syn mandaat út ûnder it gesach fan de hege fertsjintwurdiger.

Kêst 34[edit]

(âld kêst 19 FEU)

1. De lidsteaten koördinearje harren hanneljen yn ynternasjonale organisaasjes en op ynternasjonale konferinsjes. Hja ferdigenje yn dy foara de stânpunten fan de Uny. De hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied organisearret de koördinaasje.

Yn ynternasjonale organisaasjes en op ynternasjonale konferinsjes dêr't net alle lidsteaten oan dielnimme, ferdigenje de lidsteaten dy't wol dielnimme de stânpunten fan de Uny.

2. Neffens kêst 24, lid 3, hâlde de lidsteaten dy't fertsjintwurdige binne yn ynternasjonale organisaasjes of op ynternasjonale konferinsjes dêr't net alle lidsteaten fertsjintwurdige binne, de net fertsjintwurdige lidsteaten en de hege fertsjintwurdiger op 'e hichte fan alle oangelegenheden fan mienskiplik belang. Lidsteaten dy't ek lid binne fan de Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes hawwe ûnderinoar oerlis en hâlde de oare lidsteaten en de hege fertsjintwurdiger folslein op 'e hichte. Lidsteaten dy't lid binne fan de Feilichheidsried, ferdigenje by it útoefenjen fan harren funksje de stânpunten, mei behâld fan de ferantwurdlikheden dy't út krêft fan it Hânfêst fan de Feriene Naasjes op harren rêste.

Wannear't de Uny in stânpunt oer in tema op de aginda fan de Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes bepaald hat, dogge de lidsteaten dy't dêr in sit yn hawwe, it fersyk dat de hege fertsjintwurdiger útnoege wurdt om it stânpunt fan de Uny nei foaren te bringen.

Kêst 35[edit]

(âld kêst 20 FEU)

De diplomatike en konsulêre misjes fan de lidsteaten en de delegaasjes fan de Uny yn tredde lannen en op ynternasjonale konferinsjes, en ek harren fertsjintwurdigingen by ynternasjonale organisaasjes hawwe ûnderinoar oerlis om der wis fan te wêzen dat út krêft fan dit Haadstik fêststelde besluten dy't stânpunten en hanneljen fan de Uny bepale, yn acht nommen wurde en útfierd wurde.

Hja yntinsivearje de gearwurking troch ynljochtingen út te wikseljen en mei-inoar te evaluearjen. Hja drage by ta it útfieren fan it rjocht fan beskerming fan de boargers fan de Uny op it grûngebiet fan tredde lannen yn de sin fan kêst 20, lid 2, ûnder c) fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny, en ek fan de neffens kêst 23 fan dat Ferdrach fêststelde maatregels.

Kêst 36[edit]

(âld kêst 21 FEU)

De hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied rieplachtet it Europeesk Parlemint geregeldwei oer de foarnaamste aspekten en de fûnemintele karmooglikheden yn ferbân mei sawol it mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied as it mienskiplik feilichheids- en definsjebelied en ynformearret it oer hoe't dat belied him ûntjout. Hy sjocht derop ta dat de opfettingen fan it Europeesk Parlemint goed yn acht nommen wurde. By it ynformearjen fan it Europeesk Parlemint kinne de spesjale fertsjintwurdigers ynskeakele wurde. It Europeesk Parlemint kin fragen stelle of oanbefellingen dwaan yn de rjochting fan de Ried of de hege fertsjintwurdiger. Twa kear jiers is der in debat oer de foarútgong dy't der west hat by it útfieren fan it mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied, dêrby ynbegrepen it mienskiplik feilichheids- en definsjebelied.

Kêst 37[edit]

(âld kêst 24 FEU)

De Uny kin mei ien of mear steaten of ynternasjonale organisaasjes oerienkomsten slute op de mêden dy't ûnder dit Haadstik falle.

Kêst 38[edit]

(âld kêst 25 FEU)

Mei behâld fan kêst 240 fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny folget in komitee foar polityk en feilichheid de ynternasjonale situaasje op de mêden dy't ûnder it mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied falle en draacht it by ta it bepalen fan it belied troch op fersyk fan de Ried of fan de hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied of op eigen manneboet advizen oan de Ried út te bringen. It komitee sjocht ek ta op it útfieren fan it oerienkommen belied, mei behâld fan de foegen fan de hege fertsjintwurdiger.

Yn it ramt fan dit Haadstik is it komitee foar polityk en feilichheid ûnder ferantwurdlikheid fan de Ried en fan de hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied belêstige mei de politike kontrôle en de strategyske lieding fan krisisbehearskingsoperaasjes yn de sin fan kêst 43. De Ried kin it Komitee foar it doel en de doer fan in krisisbehearskingsoperaasje, lykas bepaald troch de Ried, machtigje om passende besluten te nimmen oer de politike kontrôle en strategyske lieding fan de operaasje.

Kêst 39[edit]

Neffens kêst 16 fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny en yn ôfwiking fan lid 2 dêrfan stelt de Ried in beslút fêst oangeande de foarskriften foar it beskermjen fan natuerlike persoanen op it mêd fan it ferwurkjen fan persoansgegevens troch lidsteaten, by it útoefenjen fan aktiviteiten dy't binnen it tapassingsgebiet fan dit Haadstik falle, en ek de foarskriften oangeande it frij ferkear fan dy gegevens. Op it neilibjen fan dy foarskriften wurdt tasjoen troch ûnôfhinklike autoriteiten.

Kêst 40[edit]

(âld kêst 47 FEU)

De útfiering fan it mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied hat gjin gefolgen foar it tapassen fan de prosedueres en de respektive omfang fan de foegen fan de ynstellingen dêr't de Ferdraggen yn foarsjogge foar it útoefenjen fan de yn de kêsten 3 oant en mei 6 fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny neamde foegen fan de Europeeske Uny. Likemin hat de útfiering fan de yn dy kêsten neamde beliedsûnderdielen gefolgen foar it tapassen fan de prosedueres en de respektive omfang fan de foegen fan de ynstellingen dêr't de Ferdraggen yn foarsjogge foar it útoefenjen fan de foegen fan de Uny op grûn fan dit Haadstik.

Kêst 41[edit]

(âld kêst 28 FEU)

1. De administrative útjeften dy't foar de ynstellingen folgje út de útfiering fan dit Haadstik komme foar rekken fan de begrutting fan de Uny. 2. De beliedsútjeften dy't folgje út de útfiering fan dit Haadstik komme ek foar rekken fan de begrutting fan de Uny, útsein wannear't it om beliedsútjeften giet dy't folgje út operaasjes dy't gefolgen hawwe op militêr mêd of op it mêd fan definsje en yn de gefallen dat de Ried mei ienriedigens fan stimmen oars beslút.

Yn de gefallen dat de útjeften net foar rekken komme fan de begrutting fan de Uny, komme se foar rekken fan de lidsteaten neffens de bruto nasjonaal produktferdielkaai, of it moast wêze dat de Ried mei ienriedigens fan stimmen wat oars beslút. Lidsteaten fan wa't de fertsjintwurdiger yn de Ried in formele ferklearring op grûn fan kêst 31, lid 1, twadde alinea, ôflein hat, binne net ferplichte by te dragen yn de finansiering fan útjeften dy't folgje út operaasjes dy't gefolgen hawwe op militêr mêd of op it mêd fan definsje.

3. De Ried stelt troch in beslút bysûndere prosedueres fêst dy't garandearje dat de op de begrutting fan de Uny opfierde krediten foar de driuwende finansiering fan inisjativen yn it ramt fan it mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied, benammen foar de tarieding fan de yn kêst 42, lid 1, en kêst 43 neamde misjes, gau beskikber komme. De Ried beslút nei rieplachtsjen fan it Europeesk Parlemint.

De tarieding fan de yn kêst 42, lid 1, en kêst 43 neamde misjes dy't foar rekken komme fan de begrutting fan de Uny, wurdt finansiere út in startfûns, dat foarme is út bydragen fan de lidsteaten.

De Ried nimt, op útstel fan de hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied, mei kwalifisearre mearderheid de besluten oan oangeande:

a) de ynstelling en foarming fan it startfûns, benammen oangeande de yn it fûns stoarte middels;
b) it behear fan it startfûns;
c) de finansjele kontrôle.

Wannear't in neffens kêst 42, lid 1, en kêst 43 foarnommen misje net foar rekken fan de begrutting fan de Uny brocht wurde kin, machtiget de Ried de hege fertsjintwurdiger om dat fûns te brûken. De hege fertsjintwurdiger docht de Ried ferslach fan de útfiering fan dy opdracht.

OFDIELING 2 BEPALINGEN OANGEANDE IT MIENSKIPLIK FEILICHHEIDS- EN DEFINSJEBELIED

Kêst 42[edit]

(âld kêst 17 FEU)

1. It mienskiplik feilichheids- en definsjebelied is in yntegraal diel fan it mienskiplik bûtenlânsk belied en feilichheidsbelied. It jout de Uny in operasjonele kapasiteit dy’t gebrûk makket fan sivile en militêre middels. De Uny kin dêrop weromgripe foar misjes bûten it grûngebiet fan de Uny mei it each op it hanthavenjen fan de frede, de previnsje fan konflikten en it fersterkjen fan de ynternasjonale feilichheid neffens de begjinsels fan it Hânfêst fan de Feriene Naasjes. De Uny fiert dy taken út mei help fan de kapasiteit dy't troch de lidsteaten beskikber steld is.

2. It mienskiplik feilichheids- en definsjebelied omfettet it njonkelytsen fêststellen fan in mienskiplik definsjebelied fan de Uny. Dat sil ta in mienskiplike definsje liede sadree't de Europeeske Ried mei ienriedigens fan stimmen dêrta beslút. Yn dat gefal befellet de Europeeske Ried de lidsteaten oan om in dêrta tsjinjend beslút oan te nimmen neffens harren ûnderskate grûnwetlike bepalingen.

It belied fan de Uny yn de sin fan dizze Ofdieling lit it spesifike karakater fan it feilichheids- en definsjebelied fan bepaalde lidsteaten ûnferoare en earbiediget de út it Noard-Atlantysk Ferdrach folgjende ferplichtingen fan bepaalde lidsteaten; dy harren mienskiplike definsje kriget stal yn de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (NAFO) en is te ferienigjen mei it mienskiplik feilichheids- en definsjebelied dat yn dat ramt fêststeld is.

3. Foar it útfieren fan it mienskiplik feilichheids- en definsjebelied stelle de lidsteaten de Uny sivile en militêre kapasiteit ta syn foldwaan, om sadwaande by te dragen oan it berikken fan de troch de Ried fêststelde doelstellingen. Lidsteaten dy't mei-inoar multynasjonale troepemachten foarmje, kinne dy troepemachten ek beskikber stelle foar it mienskiplik feilichheids- en definsjebelied.

De lidsteaten ferbine harren derta om harren militêre kapasiteit njonkelytsen te ferbetterjen. It Agintskip op it mêd fan de ûntjouwing fan definsjekapasiteit, ûndersyk, oankeapen en bewapening (tenei "it Europeesk Definsje-agintskip") bepaalt it operasjonele ferlet, befoarderet maatregels om yn dat ferlet te foarsjen, draacht by ta it fêststellen en, yn it foarkommende gefal, ta de útfiering fan alle nuttige maatregels om de yndustriële en technologyske basis fan de definsjesektor te fersterkjen, nimt diel oan it bepalen fan in Europeesk belied oangeande kapasiteit en bewapening, en stiet de Ried by om de ferbettering fan de militêre kapasiteit te evaluearjen.

4. Besluten oangeande it mienskiplik feilichheids- en definsjebelied, dêrby ynbegrepen it neffens dit kêst opsetten fan in misje, wurde op útstel fan de hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied of op inisjatyf fan in lidsteat troch de Ried mei ienriedigens fan stimmen fêststeld. De hege fertsjintwurdiger kin, eventueel yn 'e mande mei de Kommisje, in útstel dwaan om gebrûk te meitsjen fan nasjonale middels en ek fan ynstruminten fan de Uny.

5. De Ried kin de útfiering fan in misje yn it ramt fan de Uny tabetrouwe oan in groep lidsteaten, om de wearden fan de Uny te beskermjen en syn belangen te tsjinjen. De útfiering fan sa'n misje falt ûnder de wurking fan kêst 44.

6. De lidsteaten dy't oan strangere kritearia foldogge wat de militêre kapasiteit oangiet en dy't datoangeande fierdergeande ferplichtingen oangien binne mei it each op de útfiering fan misjes dêr’t de alderheechste easken oan steld wurde, stelle yn it ramt fan de Uny in permaninte strukturearre gearwurking yn. Dy gearwurking kriget syn beslach neffens kêst 46 en lit de bepalingen fan kêst 43 ûnferoare.

7. As in lidsteat op syn grûngebiet mei wapengeweld oanfallen wurdt, hawwe de oare lidsteaten de plicht om dy lidsteat mei alle middels dy't hja ta harren foldwaan hawwe help en bystân te jaan neffens kêst 51 fan it Hânfêst fan de Feriene Naasjes. Dat lit it spesifike karakter fan it feilichheids- en definsjebelied fan bepaalde lidsteaten ûnferoare. De ferplichtingen en de gearwurking op dat mêd bliuwe yn oerienstimming mei de ferplichtingen dy't oangien binne yn it ramt fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje en bliuwe foar de lidsteaten dy't der lid fan binne, de grûnslach en it ynstrumint fan harren kollektive definsje.

Kêst 43[edit]

1. De misjes yn de sin fan kêst 42, lid 1, dêr't de Uny sivile en militêre middels by ynsette kin, omfetsje mienskiplike ûntwapeningsaksjes, humanitêre misjes en rêdingsmisjes, advys en bystân op militêr mêd, konfliktprevinsje en fredeshanthavening, misjes fan striidkrêften mei it each op krisisbehearsking, dêrûnder begrepen fredestifting, en ek stabilisearringsoperaasjes nei ôfrin fan konflikten. Al dy taken kinne bydrage oan de striid tsjin it terrorisme, ûnder oaren ek troch tredde lannen te stypjen by it bestriden fan it terrorisme op harren grûngebiet.

2. De Ried regelet troch in beslút de misjes yn de sin fan lid 1 en stelt doel en omfang derfan fêst, en ek de dêrfoar jildende algemiene útfieringsfoarskriften. De hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied stiet, ûnder gesach fan de Ried en yn nau en oanhâldend kontakt mei it komitee foar polityk en feilichheid, noed foar de koördinaasje fan de sivile en militêre aspekten fan dy misjes.

Kêst 44[edit]

1. Yn it ramt fan de neffens kêst 43 fêststelde besluten kin de Ried de útfiering fan in misje tabetrouwe oan in groep lidsteaten dy't dat wolle en dy't de nedige kapasiteit foar sa'n misje ta harren foldwaan hawwe. De oanbelangjende lidsteaten regelje yn oerlis mei de hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied ûnderinoar de útfiering fan de misje.

2. De lidsteaten dy't oan de misje dielnimme, bringe de Ried geregeldwei op eigen manneboet of op fersyk fan in oare lidsteat op 'e hichte fan it ferrin fan de misje. De dielnimmende lidsteaten rjochtsje harren fuortendaliks ta de Ried as de útfiering fan de misje essinsjele gefolgen hat of in feroaring ferget fan doel, omfang of útfieringsbepalingen fan de misje, lykas fêststeld yn de yn lid 1 neamde besluten. Yn dy gefallen stelt de Ried de nedige besluten fêst.

Kêst 45[edit]

1. It yn kêst 42, lid 3, neamde Europeesk Definsje-agintskip, dat ûnder it gesach fan de Ried ressortearret, hat as taak om:

a) by te dragen oan it bepalen fan de nei te stribjen militêre kapasiteit fan de lidsteaten en om it neikommen fan de troch de lidsteaten oangiene ferplichtingen oangeande kapasiteit te evaluearjen;
b) ta te wurkjen op it harmonisearjen fan it operasjonele ferlet en it brûken fan oankeapmetoaden dy't doelmjittich en ûnderling net stridich binne;
c) multylaterale projekten foar te slaan dy't rjochte binne op it ferwêzentlikjen fan de doelstellingen oangeande militêre kapasiteit, op it koördinearjen fan de troch de lidsteaten út te fieren programma's en op it behear fan gearwurkingsprogramma's;
d) it ûndersyk oangeande definsjetechnology te stypjen, en ek om mienskiplike ûndersyksaktiviteiten nei en stúdzje fan technyske oplossingen dy't foldogge oan takomstich operasjoneel ferlet, te koördinearjen en te plannen;
e) by te dragen oan it bepalen en, yn it foarkommende gefal, útfieren fan alle nuttige maatregels om de yndustriële en technologyske basis fan de definsjesektor te fersterkjen en de doelmjittigens fan de militêre útjeften te ferbetterjen.

2. It Europeesk Definsje-agintskip stiet iepen foar alle lidsteaten dy't dêr diel fan útmeitsje wolle. De Ried stelt mei kwalifisearre mearderheid in beslút fêst dêr't it Statút, de sit en de foarskriften foar de wurking fan it Agintskip yn fêstlein wurde. Yn dat beslút wurdt rekken holden mei de omfang fan werklik dielnimmen oan de aktiviteiten fan it Agintskip. Binnen it Agintskip wurde spesifike groepen foarme fan lidsteaten dy't mienskiplike projekten útfiere. It Agintskip fiert syn taken, foarsafier't dat nedich is, yn oerlis mei de Kommisje út.

Kêst 46[edit]

1. De lidsteaten dy't dielnimme wolle oan de permaninte strukturearre gearwurking yn de sin fan kêst 42, lid 6, en dy't foldogge oan de kritearia en dy't ek de ferplichtingen oangeande militêre kapasiteit lykas neamd yn it Protokol oangeande permaninte strukturearre gearwurking ûnderskriuwe, bringe de Ried en de hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied op 'e hichte fan harren foarnimmen.

2. Binnen trije moanne nei de yn lid 1 neamde meidieling stelt de Ried in beslút fêst ta it ynstellen fan de permaninte strukturearre gearwurking en ta it opstellen fan de list fan de dielnimmende lidsteaten. De Ried beslút mei kwalifisearre mearderheid fan stimmen, nei rieplachtsjen fan de hege fertsjintwurdiger.

3. Elke lidsteat dy't yn in letter stadium oan de permaninte strukturearre gearwurking dielnimme wol, bringt de Ried en de hege fertsjintwurdiger fan syn foarnimmen op 'e hichte. De Ried stelt in beslút fêst dat de befêstiging ynhâldt fan it dielnimmen fan de oanbelangjende lidsteat dy't oan de kritearia foldocht en de ferplichtingen ûnderskriuwt neffens de kêsten 1 en 2 fan it Protokol oangeande permaninte strukturearre gearwurking. De Ried beslút mei kwalifisearre mearderheid fan stimmen, nei rieplachtsjen fan de hege fertsjintwurdiger. Oan de stimming wurdt allinnich dielnommen troch de leden fan de Ried dy't de dielnimmende lidsteaten fertsjintwurdigje. De kwalifisearre mearderheid wurdt fêststeld neffens kêst 238, lid 3, ûnder a) fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny.

4. As in dielnimmende lidsteat net langer oan de kritearia foldocht of him net langer hâlde kin oan de ferplichtingen neffens de kêsten 1 en 2 fan it Protokol oangeande permaninte strukturearre gearwurking, kin de Ried in beslút ta ûnderbrekking fan it dielnimmen fan dy lidsteat fêststelle. De Ried beslút mei kwalifisearre mearderheid fan stimmen. Oan de stimming wurdt allinnich dielnommen troch de leden fan de Ried dy't de dielnimmende lidsteaten fertsjintwurdigje, útsein de lidsteat dy't it oangiet.

De kwalifisearre mearderheid wurdt bepaald neffens kêst 238, lid 3, ûnder a) fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny.

5. As in dielnimmende lidsteat him weromlûke wol út de permaninte strukturearre gearwurking, bringt er de Ried dêrfan op 'e hichte, dy't der kundskip fan nimt dat it dielnimmen fan de lidsteat yn kwestje ôfrint.

6. De besluten en oanbefellingen fan de Ried yn it ramt fan de permaninte strukturearre gearwurking, oars as de besluten neamd yn de lidden 2 oant en mei 5, wurde mei ienriedigens fan stimmen fêststeld. Foar it tapassen fan dit lid wurdt ienriedigens fan stimmen foarme troch de stimmen fan inkeld en allinnich de fertsjintwurdigers fan de dielnimmende lidsteaten.

TITEL VI SLOTBEPALINGEN[edit]

Kêst 47[edit]

De Uny besit rjochtspersoanlikheid.

Kêst 48[edit]

(âld kêst 48 FEU)

1. De Ferdraggen kinne feroare wurde neffens in gewoane wizigingsproseduere. Hja kinne ek feroare wurde neffens ferienfâldige wizigingsprosedueres.

Gewoane wizigingsproseduere
2. It regear fan elke lidsteat, it Europeesk Parlemint of de Kommisje kin by de Ried útstellen ta it feroarjen fan de Ferdraggen yntsjinje. Dy útstellen kinne, ûnder oaren, as doel hawwe om de troch de Ferdraggen oan de Uny tadielde foegen út te wreidzjen of te beheinen. Dy útstellen wurde troch de Ried trochstjoerd oan de Europeeske Ried en de nasjonale parleminten wurde derfan op 'e hichte brocht.

3. Beslút de Europeeske Ried, nei rieplachtsjen fan it Europeesk Parlemint en fan de Kommisje, mei gewoane mearderheid fan stimmen om de op it aljemint brochte feroaringen yn behanneling te bringen, dan ropt de foarsitter fan de Europeeske Ried in Konvinsje besteande út fertsjintwurdigers fan de nasjonale parleminten, fan de steatshaden of regearingslieders fan de lidsteaten, fan it Europeesk Parlemint en fan de Kommisje gear. Yn it gefal fan ynstitusjonele feroaringen op monetêr mêd wurdt ek de Europeeske Sintrale Bank rieplachte. De Konvinsje behannelet de útstellen ta feroaring en nimt by konsensus in oanbefelling oan, dy't rjochte is oan in Konferinsje fan fertsjintwurdigers fan de regearingen fan de lidsteaten, lykas bepaald yn lid 4. De Europeeske Ried kin mei gewoane mearderheid fan stimmen, nei goedkarring troch it Europeesk Parlemint, beslute om gjin Konvinsje gear te roppen as de omfang fan de útstelde feroaringen soks net rjochtfeardiget. Yn dat lêste gefal stelt de Europeeske Ried it mandaat fêst fan in Konferinsje fan fertsjintwurdigers fan de regearingen fan de lidsteaten.

4. In Konferinsje fan fertsjintwurdigers fan de regearingen fan de lidsteaten wurdt troch de foarsitter fan de Ried gearroppen, om yn miene oerienstimming de yn de Ferdraggen oan te bringen feroaringen fêst te stellen.

De feroaringen gean yn nei't se troch alle lidsteaten neffens harren ûnderskate grûnwetlike bepalingen ratifisearre binne.

5. As twa jier nei it ûndertekenjen fan in ferdrach ta feroaring fan de Ferdraggen fjouwer fyfdepart fan de lidsteaten dat ferdrach ratifisearre hat en ien of mear lidsteaten swierrichheden tsjinkommen binne yn ferbân mei de ratifikaasje, wurdt de kwestje trochferwiisd nei de Europeeske Ried.

Ferienfâldige wizigingsprosedueres
6. It regear fan elke lidsteat, it Europeesk Parlemint of de Kommisje kin by de Europeeske Ried útstellen yntsjinje om alle of in part fan de bepalingen fan it Tredde Diel fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny, dat giet oer it yntern belied en hanneljen fan de Uny, te feroarjen.

De Europeeske Ried kin in beslút nimme om alle of in part fan de bepalingen fan it Tredde Diel fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny te feroarjen. De Europeeske Ried beslút mei ienriedigens fan stimmen, nei rieplachtsjen fan it Europeesk Parlemint en fan de Kommisje en ek, yn it gefal fan ynstitusjonele feroaringen op monetêr mêd, fan de Europeeske Sintrale Bank. Dat beslút giet earst yn nei't it troch de lidsteaten goedkard is neffens harren ûnderskate grûnwetlike bepalingen. It yn de twadde alinea neamde beslút kin net liede ta in útwreiding fan de foegen dy't troch de Ferdraggen oan de Uny tadield binne.

7. As it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny of Titel V fan dit Ferdrach foarskriuwt dat de Ried op in bepaald mêd of yn in bepaald gefal mei ienriedigens fan stimmen beslút, kin de Europeeske Ried troch in beslút bepale dat de Ried op dat mêd of yn dat gefal mei kwalifisearre mearderheid fan stimmen beslút. Dizze alinea is net fan tapassing op besluten dy't gefolgen hawwe op militêr mêd of op it mêd fan definsje.

As it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny foarskriuwt dat wetjouwingshannelingen troch de Ried neffens in bysûndere wetjouwingsproseduere fêststeld wurde, kin de Europeeske Ried troch in beslút bepale dat dy wetjouwingshannelingen neffens de gewoane wetjouwingsproseduere fêststeld wurde.

Elk inisjatyf fan de Europeeske Ried op grûn fan de earste of de twadde alinea wurdt tastjoerd oan de nasjonale parleminten. As dêr binnen in termyn fan seis moanne nei it tastjoeren kapsje op makke wurdt troch in nasjonaal parlemint, is it yn de earste of de twadde alinea neamde beslút net fêststeld. As der gjin kapsje op makke wurdt, kin de Europeeske Ried dat beslút fêststelle. Foar it fêststellen fan de yn de earste en de twadde alinea neamde besluten, beslút de Europeeske Ried mei ienriedigens fan stimmen, nei goedkarring troch it Europeesk Parlemint, dat by mearderheid fan syn leden beslút.

Kêst 49[edit]

(âld kêst 49 FEU)

Elke Europeeske steat dy't de yn kêst 2 neamde wearden earbiediget en him derta ferbynt om dy út te dragen, kin fersykje om lid te wurden fan de Uny. It Europeesk Parlemint en de nasjonale parleminten wurde op 'e hichte brocht fan dat fersyk. De steat dy't it fersyk docht, rjochtet dat oan de Ried; dy beslút mei ienriedigens fan stimmen nei rieplachtsjen fan de Kommisje en nei goedkarring fan it Europeesk Parlemint, dat by mearderheid fan syn leden beslút. De kritearia foar it lidmaatskip, dy't troch de Europeeske Ried fêststeld binne, wurde yn acht nommen. De betingsten foar talitting en de út dy talitting folgjende oanpassingen fan de Ferdraggen dêr't de Uny op basearre is, foarmje it ûnderwerp fan in oerienkomst tusken de lidsteaten en de steat dy't it fersyk yntsjinnet. Dy oerienkomst moat ratifisearre wurde troch alle oerienkomstslutende steaten neffens harren ûnderskate grûnwetlike bepalingen.

Kêst 50[edit]

1. Elke lidsteat kin yn oerienstimming mei syn grûnwetlike bepalingen beslute om him út de Uny werom te lûken.

2. De lidsteat dy't beslút om him werom te lûken, bringt de Europeeske Ried fan syn foarnimmen op 'e hichte. Op grûn fan de rjochtsnoeren fan de Europeeske Ried slút de Uny nei ûnderhannelingen mei dy steat in oerienkomst oer de betingsten fan syn weromlûken; dêrby wurdt rekken holden mei it ramt fan de takomstige ferhâldingen fan dy steat mei de Uny. Oer dy oerienkomst wurdt ûnderhannele neffens kêst 218, lid 3, fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny. De oerienkomst wurdt út namme fan de Uny sletten troch de Ried, dy't mei kwalifisearre mearderheid fan stimmen beslút, nei goedkarring troch it Europeesk Parlemint.

3. De Ferdraggen binne net langer fan tapassing op de steat yn kwestje mei yngong fan de datum dat de oerienkomst oangeande it weromlûken yngiet of oars, by it ûntbrekken fan sa'n oerienkomst, nei ferrin fan twa jier nei de yn lid 2 neamde meidieling, of it moast wêze dat de Europeeske Ried mei ynstimming fan de oanbelangjende lidsteat mei ienriedigens fan stimmen beslút ta in ferlinging fan dy termyn.

4. By de tapassing fan de lidden 2 en 3 nimt it lid fan de Europeeske Ried of fan de Ried dy't de him weromlûkende lidsteat fertsjintwurdiget, net diel oan de diskusjes fan de Europeeske Ried of fan de Ried noch oan de beslútfoarming dy't dy steat oanbelangje. De kwalifisearre mearderheid wurdt fêststeld neffens kêst 238, lid 3, ûnder b) fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny.

5. As in lidsteat dy't him út de Uny weromlutsen hat, op 'en nij om it lidmaatskip fersiket, is op dat fersyk de proseduere fan kêst 49 fan tapassing.

Kêst 51[edit]

De protokollen en taheakken by de Ferdraggen meitsje dêr yntegraal diel fan út.

Kêst 52[edit]

1. De Ferdraggen binne fan tapassing op it Keninkryk België, de Republyk Bulgarije, de Tsjechyske Republyk, it Keninkryk Denemarken, de Bûnsrepublyk Dútslân, de Republyk Estlân, de Helleenske Republyk, it Keninkryk Spanje, de Frânske Republyk, Ierlân, de Italiaanske Republyk, de Republyk Syprus, de Republyk Letlân, de Republyk Litouwen, it Gruthartochdom Lúksemboarch, de Republyk Hongarije, de Republyk Malta, it Keninkryk fan de Nederlannen, de Republyk Eastenryk, de Republyk Poalen, de Portugeeske Republyk, Roemenië, de Republyk Slovenië, de Slowaakske Republyk, de Republyk Finlân, it Keninkryk Sweden en it Feriene Keninkryk fan Grut-Britannië en Noard-Ierlân.

2. It territoriale tapassingsgebiet fan de Ferdraggen wurdt omskreaun yn kêst 355 fan it Ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny.

Kêst 53[edit]

(âld kêst 51 FEU)

Dit Ferdrach jildt foar ûnbeheinde tiid.

Kêst 54[edit]

(âld kêst 52 FEU)

1. Dit Ferdrach sil troch de Hege Ferdrachslutende Partijen ratifisearre wurde neffens harren ûnderskate grûnwetlike bepalingen. De akten fan ratifikaasje sille dellein wurde by it regear fan de Italiaanske Republyk.

2. Dit Ferdrach giet yn op 1 jannewaris 1993, mitsdat alle akten fan ratifikaasje dellein binne, of by it ûntbrekken dêrfan op de earste dei fan de moanne dy't folget op it dellizzen fan de akte fan ratifikaasje troch de ûndertekenjende steat dy't as lêste dy stap set.

Kêst 55[edit]

(âld kêst 53 FEU)

1. Dit Ferdrach, opsteld yn ien eksimplaar, yn de Bulgaarske, de Deenske, de Dútske, de Ingelske, de Estske, de Finske, de Frânske, de Grykske, de Hongaarske, de Ierske, de Italiaanske, de Letske, de Litouske, de Malteeske, de Nederlânske, de Poalske, de Portugeeske, de Roemeenske, de Sloveenske, de Slowaakske, de Spaanske, de Tsjechyske en de Sweedske taal, dêr’t de teksten yn elk fan dy talen deselde jildichheid hawwe, wurdt dellein yn it argyf fan it regear fan de Italiaanske Republyk dy't in offisjeel bekrêftige ôfskrift tastjoert oan de regearingen fan de oare ûndertekenjende steaten.

2. Dit Ferdrach kin ek oerset wurde yn elke oare taal dy't troch de lidsteaten keazen is, foarsafier't dy taal neffens it konstitusjonele bestel fan de oanbelangjende lidsteat jildt as offisjele taal op syn folsleine grûngebiet of op in part dêrfan. De oanbelangjende lidsteat stelt in offisjeel bekrêftige ôfskrift fan dy oersetttingen beskikber, dat dellein wurdt yn de argiven fan de Ried.

TA IN BEWIIS DÊRFAN hawwe de ûnderskreaune folmachten harren hantekeningen ûnder dit Ferdrach set.

Sa dien yn Maastricht, de sânde febrewaris njoggentjinhûndert twaennjoggentich.

(list fan ûndertekeners net opnommen)

Noaten[edit]

  1. De Tsjechyske Republyk, de Republyk Estlân, de Republyk Syprus, de Republyk Letlân, de Republyk Litouwen, de Republyk Hongarije, de Republyk Malta, de Republyk Eastenryk, de Republyk Poalen, Roemenië, de Republyk Slovenië, de Slowaakske Republyk, de Republyk Finlân en it Keninkryk Sweden binne ûnderwilens lid wurden fan de Europeeske Uny.
  2. Dizze ferwizing is inkeld yndikatyf. De ôfkoarting FEU wurdt brûkt foar it âlde Ferdrach oangeande de Europeeske Uny; de ôfkoarting FEM foar it eardere Ferdrach ta oprjochting fan de Europeeske Mienskippen.