Frysk manifest
Alde stavering
[edit]- It Frysk manifest
“Op ’e dei fan it sechte mienskiplik gearkommen yn dizze ieu steane wy Friezen oeral wei, út Noard-, Westerlauwersk en Eastfryslân, út Sealterlân en Wursten, út Oldenburg en fan Hilgolân, op it earwurdich sté by de Upstalbeam, dêr’t yn ’e Midsieuwen ôffurdigen fan ’e sawn sélannen plichten gear te kommen. Wy binne hjir gearkommen yn ’e oertsjûging, dat wy byinoar hearre en omdat dy oertsjûging sa sterk is, dat dy wurd hawwe wol, in oertsjûging, dy’t bistean bleaun is troch alle skiedkundich barren en oer alle grinzen hinne, dy’t yn ’e rin fan ’e tiid ûntstien binne. Mienskiplik hawwe wy ús folksaerd, mienskiplik de striid tsjin it gewelt fan ’e Noardsé, mienskiplik binammen it witten fan ús frijheit, fan Nederlân ont Denemark ta. De tiid ferget greater forbannen. De trije Fryslannen sizze fan herten ja op alle stribjen, dat ta de ienheit fan Jeropa liede kin. Al hearre wy ta mear as ien steatsforbân, wy fiele lykwols oer alle skiedingen hinne, dat wy hearre ta ien folk, wend en fan doel, trou te bliuwen oan syn folksaerd. Mei de Friezedagen, dy’t yn 1925 yn Jever bigoun binne, wolle wy ús rekkenskip jaen fan ’e mienskiplike wearden. Wy leauwe yn kultuer, dy’t har woartels hat yn ’e djipten fan it folksaerd en meiinoar wolle wy dêr noed fan stean. Wy steane der by de forantwurdlike ynstânsjes op oan, de wearde fan it kulturele wurk fan ús Fryske ynstellingen en forbannen rjocht te dwaen en dat sa to stypjen, dat it him folslein ûntjaen kin en de sterkste dyk wurdt tsjin de alles oersljochtsjende massafoarming. Wy leauwe yn ’e greate bitsjutting fan ús memmetael, itsij Frysk, itsij platdútsk, dy’t wy as weardefolst erfskip meikrigen en dy’t wy foar alles hoedzje en noedzje wolle. Aldershûs, skoalle en tsjerke moatte ús dêrby helpe en wy freegje fan alle steatsynstânsjes, de wearde fan dat wurk mei to stimmen. Wy leauwe yn de mienskiplike taek. De Friezerie, dy’t wy yn it libben roppe wolle, sil it oparbeidzjen fuortsterkje, wittenskip, skriftekennisse en alle skeppend stribjen bifoarderje moatte, ta greater eare en oansjen fan Fryslân yn ’e wrâld.
Oannommen op it 6ste Grutfrysk kongres op 28-08-1955 te Aurich (East-Fryslân)
Hjoeddeistige stavering
[edit]- It Frysk manifest
“Op ’e dei fan it sechste mienskiplik gearkommen yn dizze ieu steane wy Friezen oeral wei, út Noard-, Westerlauwersk en East-Fryslân, út Sealterlân en Wursten, út Oldenboarch en fan Hilgelân, op it earwurdich stee by de Upstalsbeam, dêr’t yn ’e Midsieuwen ôffurdigen fan ’e sân seelannen plichten gear te kommen. Wy binne hjir gearkommen yn ’e oertsjûging, dat wy byinoar hearre en omdat dy oertsjûging sa sterk is, dat dy wurd hawwe wol, in oertsjûging, dy’t bestean bleaun is troch alle skiedkundich barren en oer alle grinzen hinne, dy’t yn ’e rin fan ’e tiid ûntstien binne. Mienskiplik hawwe wy ús folksaard, mienskiplik de striid tsjin it geweld fan ’e Noardsee, mienskiplik benammen it witten fan ús frijheit, fan Nederlân oant Denemark ta. De tiid ferget grutter ferbannen. De trije Fryslannen sizze fan herten ja op alle stribjen, dat ta de ienheid fan Europa liede kin. Al hearre wy ta mear as ien steatsferbân, wy fiele lykwols oer alle skiedingen hinne, dat wy hearre ta ien folk, wend en fan doel, trou te bliuwen oan syn folksaard. Mei de Friezedagen, dy’t yn 1925 yn Jever begûn binne, wolle wy ús rekkenskip jaan fan ’e mienskiplike wearden. Wy leauwe yn kultuer, dy’t syn woartels hat yn ’e djipten fan it folksaard en mei-inoar wolle wy dêr noed fan stean. Wy steane der by de ferantwurdlike ynstânsjes op oan, de wearde fan it kulturele wurk fan ús Fryske ynstellings en ferbannen rjocht te dwaan en dat sa te stypjen, dat it him folslein ûntjaan kin en de sterkste dyk wurdt tsjin de alles oersljochtsjende massafoarming. Wy leauwe yn ’e grutte betsjutting fan ús memmetaal, itsij Frysk, itsij Platdútsk, dy’t wy as weardefolst erfskip meikrigen en dy’t wy foar alles hoedzje en noedzje wolle. Aldershûs, skoalle en tsjerke moatte ús dêrby helpe en wy freegje fan alle steatsynstânsjes, de wearde fan dat wurk mei te stimmen. Wy leauwe yn de mienskiplike taak. De Fryske Rie, dy’t wy yn it libben roppe wolle, sil it oparbeidzjen fuortsterkje, wittenskip, skriftekennisse en alle skeppend stribjen befoarderje moatte, ta grutter eare en oansjen fan Fryslân yn ’e wrâld.
Oannommen op it 6ste Grutfrysk kongres op 28-08-1955 te Aurich (East-Fryslân)